FNP Smellingerlân

FNP Smellingerlân wol Smellingerlân better meitsje. Mear wolwêzen, mar net ten koste fan de omjouwing. By it oplossen fan de grutte problemen yn de wrâld hat de gemeente in ferantwurdlikheid. En dat moat fan ûnderenop. Wy hawwe it dan ûnder oaren oer de opwaarming fan de ierde.

Mar der binne ek lokale problemen. In protte minsken kinne net in betelbere wenning fine en der is earmoede, ek yn Smellingerlân. En seker dêr hat de gemeente in rol.​ 

Help ús om dy rol goed yn te foljen: stim FNP