Justerjûn is de kadernota re-yntegraasje yn de ried fêststeld. Ien fan de útgongspunten fan de kadernota wie dat it begelieden fan minsken dy't re-yntegrearje útbestege waard oan externe partijen (de saneamde re-yntegraasjeburo's). Dat de begelieding útbestege wurdt is in kar dy't yn ús gemeente ea makke is. De FNP freget him ôf of dat wol sa'n ferstannige kar west hat omdat de belangen fan de re-yntegraasjeburo's net altiten yn it ferlingde lizze fan de belangen fan de minsken dy't re-yntegrearje.

Dat wie dan ek de reden dat de FNP mei in amendemint kaam op dit punt dat mei ûnderskrean waard troch de SP en Smallingerlands Belang. Mei it amendemint is it útgongspunt om de begelieding út te besteegjen feroare yn in mooglikheid om ta útbesteging oer te gean. It amendemint waard troch de ried unanym stipe.

Lêste tweets

Loading..

Nijsbrief

Skriuw jo yn foar ús nijsbrief