nijemarkeYn de kommisje RIM wiene de rânebetingsten fan de Nije Marke oan de oarder. De Nije Marke is de namme fan it plan dat makke wurdt foar it gebiet tusken de Pein en Drachten. De bedoeling is dat dêr it koulisenlânskip behâlden bliuwt.

It plan is dat op 90 bunder 45 wenten komme te stean wêrby't de bewenners eigener wurde fan en ferantwurdlik binne foar it ûnderhâld en behear fan de 90 ha. Foar dat behear jilde rânebetingsten dy't der foar soargje moatte dat it lânskip sa as dat no is safolle mooglik behâlden bliuwt. Omdat de measte grûn al fan de gemeente is en foar agraryske wearde op de balâns stiet, kin dit finansjeel sa rûnsetten wurde dat it grûnbedriuw gjin risiko rint. 

Us fraksje fynt it in útdaagjend plan. As de rânebetingsten foar it behear skerp genôch binne, lizze der mooglikheden om der wat bysûnders fan te meitsjen. Wy wiene fan betinken dat de rânebetingsten noch net skerp genôch wiene. Benammen op it mêd fan duorsumheid (ien fan de kearnbegrippen út de yntegrale takomstfyzje) kin it skerper. Wy soene graach sjen dat yn it gebied gjin pestisiden en keunstdong brûkt wurde meie en dat it ferbouwen fan genetysk modifisearre gewaasken taboe is. De wethâlder sei ta dat se dêr nochris nei sjen soene en komme mei in oanpast útstel nei de riedsgearkomste fan septimber. 

Lêste tweets

Loading..

Nijsbrief

Skriuw jo yn foar ús nijsbrief