efterweiYn de Rottefalle leit in hoekje by de Efterwei noch braak. De bestimming op dat stikje wie wenjen en wurkjen. De oare persielen fan it oarspronklike wenjen en wurkjen plan binne al beboud oerienkomstich it bestimmingsplan.

It kolleezje wol it braaklizzende persiel no in oare bestimming jaan. Njonken wenjen en wurkjen ek soarch derby. Boppedat wolle hja tastean dat der in gruttere oerflakte fan it persiel beboud wurde mei.

De FNP wie it hjirre net mei iens. Oan de iene kant wie dêr it belang fan de ûndernimmer dy't op it persiel de Bijzondere Onderneming (kombinaasje fan wenjen, wurkjen en soarch) ha wol en al fan 2009 ôf mei de gemeente yn petear is. Oan de oare kant it belang fan de ûndernimmers dy't earder harren bedriuw oerienkomstich it besetimmingsplan boud hawwe en ferwachtsje mochten dat oaren harren oan deselde regels hâlde moatte soene. Wat ek meiwoech foar ús, is dat it draachflak yn it doarp foar de bestimmingswiziging net grut wie.

Eintsjebeslút wie der yn de ried in grutte mearderheid foar it feroarjen fan bestimming. De Bijzondere Onderneming kin dus los yn de Rottefalle.

 

Lêste tweets

Loading..

Nijsbrief

Skriuw jo yn foar ús nijsbrief