drachsterfeartDe lêste wiken wiene drokke wiken omdat der ekstra gearkomsten wiene fanwege de Drachtster Feart. De ried moast in útspraak dwaan oer in yngewikkeld útstel omtrint in oanpaste oerienkomst mei Vastgoed Noord (VGN). Yn in pear wurden de histoarje.

Yn 2001 is besletten it Drachtster Feart plan út te fieren. Mei dat plan waard de dwinger oprûme (ynpakt yn in lûdswâl) en waard in nije wenwyk boud. Underdiel fan dat plan wie it trochlûken fan de Drachtster Feart oan it Carillon ta. Yn 2001 wie de FNP tsjin it trochlûken fan de feart. Mar in mearderheid fan de ried wie foar. De plannen waarden makken en útwurke en it wurk begûn. De dwinger waard saneard en de nij wyk Drachster Feart waard oanlein.

Yn 2008 soe VGN begjinne mei it útgraven fan de feart. Mar se koene der net mei trochgean fanwege de finansjele krisis. Op dat stuit ûnstie der nije situaasje. VGN hie de ferplichting de feart te graven mar koe dat net betelje. Mei oare wurden: de gemeente hie in foardering yn natura (it graven en opleverjen fan de feart) op VGN. Mar VGN hie gjin jild om de feart te realisearjen.

Wat no foarlei wie in oanpaste oerienkomst mei VGN wêrby't de foardering yn natura omsetten wurden is nei in foardering yn jild. De feart wurdt útgroeven en de gemeente finansiert dat foar. VGN betellet de foarfinansierring fan 2017 ôf yn 25 jier werom (sûnder rinte!).

De FNP stipet dit útstel. De ôfwagingen dêrby binne:

  • dat salang as VGN net yn steat is de feart út te graven, it Mune-ein der mâl by leit. It rioel en de nutsliedingen moatte op lykwols wol koarte termyn oanpakt wurde en dat kostet ek it nedige;
  • as wy der fan ôf sjen soene om de feart noch langer te graven te litten, dan moat de oerienkomst mei VGN ûntbûn wurde. Dêr komt dan in juridysk trajekt êfterwei dêr't de útkomst net fan te oersjen is. En ek dan sil der wat mei it Mûne-ein barre moatte.
  • De nije oerienkomst (in soarte fan skikking fan VGN en de gemeente) sit goed yninoar. 
As VGN failliet giet, giet it wurk oan de Drachtster Feart wol troch. Yn dat gefal wurdt de gemeente in soarte fan opdrachtjouwer oan van der Wiel (dy't it wurk oan de feart útfiert). Dus ek al falt VGN om, dan giet it wurk wol troch;
  • As der yn 2012 begûn wurdt, komt de gemeente noch yn oanmerking foar in provinsjale subydzje fan meiinoar 2 miljoen;
  • It Mûneein wurdt mei it plan opknapt.
  • Der is in risiko dat VGN net yn steat wêze sil de foarfinansiering werom te beteljen. It finansjele part fan de oeienkomst sit sa yn de gemeentlike boekhâlding ferwurke dat dy mooglikheid gjin konsekwinsjes hat foar de begrutting. Alles wat wol werombetelle wurdt, wurdt boekhâldkundich as 'tafaller' sjoen.

Boppesteande punten ôfwaagjend like it ynstimmen mei de nije oerienkomst ús it bêste ta. Wol moat opmurken wurde it rinteleas wêzen fan de foarfinsiering wol sear docht. Wy hiene folle leaver sjoen dat der in oantal mominten ynboud wiene dêr't it net beteljen fan rinte op 'e nij besjoen wurde koe (ofhinklik fan de ûntjouwing fan de ekonomy, soe it wolris wêze kinne dat VGN der oer 10 of 15 jier wer folle better foarstiet). Mar it oanpassen fan de oerienkomst wie gjin opsje. Wy koene allinne mar foar of tsjin wêze.

Lêste tweets

Loading..

Nijsbrief

Skriuw jo yn foar ús nijsbrief