durk-persperktyfTiisdei waard de Perspektyfnota yn de rie behannele. Yn de perspektyfnota steane de beliedsfoarnimmens fan de gemeente foar de kommende tiid. Dy wurde útwurke yn de begrutting dy't yn novimber oan de oarder komt.

It sil net nij dwaan dat de besunigings sintraal stiene. De gemeente krijt minder jild fan it Ryk moat dus tûker begrutsje.

Omdat ús gemeente yn it ferline altiten hoeden mei it jild omgongen is, is de gemeente oant no ta goed yn steat om de Ryksbesunigings op te ferwurkjen sûnder dat ten koste fan de minima giet. En dêr binne wy as FNP wiis mei.

Der wiene ek saken dêr't de FNP minder wiis mei is. Kearn is dat de yntegrale takomstfyzje (mei in grut amendemint fan FNP-Grien Links) dy't ferline jier fêststeld is, te min weromkomt yn de beliedsfoarnimmens. Dat is de ien fan de redenen dat de FNP net mei ynstimme koe mei it útstelde belied yn de nota. Fierder wiene wy it der net mei iens dat de WMO-reserve mei 75 prosint ferlege waard.

Yn de nota waard ek de weryndieling oanhelle. Us moasje dat wy de kommende pear jier gjin bestjoerlike enerzjy mear stekke moatte soene yn de weryndieling (omdat de omlizzende gemeenten neat mei Smellingerlân wolle en de provinsje in fúzje mei it Hearrenfean net sitten sjocht), helle it net. De grutte partijen fûnen de moasje oerstallich....

Lês hjirre ús ynbring yn de gearkomste.

Lêste tweets

Loading..

Nijsbrief

Skriuw jo yn foar ús nijsbrief