wmo-loketYn de ried fan 12 juny 2012 is it nije WMO-beliedsplan foar 2012-2015 mei grutte mearderheid fêststeld. Hoewol't oant no ta altyd jild oerhâlden waard op it WMO-budzjet, foarmje besúnigings dochs foar in part ûnderdiel fan it nije WMO-beliedsplan. De kearnbegrippen fan it beliedsplan "eigen krêft en selsredsumens" wize ek yn dizze rjochting.

Mar dat wol net sizze dat it nije beliedsplan net te ferdigenjen is; der steane de gemeente in oantal lânlike maatregels te wachtsjen dy't in stiging fan de WMO-útjeften betsjútte. Tink mar ris oan it omleechgean fan re-yntegraasjeaktiviteiten yn it ramt fan de 'wet werken naar vermogen' (WWNV) en mear ekstramurale yndikaasjes wêrtroch mear útjûn wurde moat oan hûshâldlike fersoarging en begelieding.

Ek de desintralisaasje fan de jongereinsoarch en minder jild foar Pasjend Ûnderwiis, freegje omtinken en ekstra kosten fan de gemeente. In part fan de bekostiging fan it WMO-belied moat plakfine binnen it besteande budzjet. Foar benammen nije aksjes dy't de gemeente ûndernimme moat om de strategyske doelstellings te heljen, sil noch jild fûn wurde moatte. By de behanneling fan Perspektyfnota 2013-2016 sille de gemeenteried hjiroer kedize.

Om mear gearhing tusken de ferskate aspekten fan de WMO te bewurkstelligjen, hat de ried derfoar keazen om de 9 wetlik ferplichte toetsingskaders ("prestaasjefjilden") te ferfangen troch 4 saneamde "ambysjes". Yn de SAZO-gearkomste fan 21 maaie hat de FNP oanjûn dizze ambysjes wat de wurden oanbelanget, nochal wiidweidich te finen en hjir en der fraachtekens te hawwen by de útfierberens. De útlis fan de wethâlder oan de kommisje én de brief dy't it Kolleezje stjoert hat oan Grien Links, hat de FNP lykwols oertjsûge. Allinne mei tige hurd wurkjen troch de gemeente kinne dizze ambysjes helle wurde!

De gemeente wol minder kollektieve foarsjennings en mear "maatwurk" (individuele foarsjennings), de saneamde "kanteling". Al by de behanneling fan de WMO-kadernota op 8 novimber 2011, hie de FNP konstatearre dat net hiel dúdlik is hoe dit te realisearjen. Der bestie in soarte fan spanning tusken wat de gemeente wol én wat feitlik mooglik is. Dy spanning is yn it oannommen beliedsplan noch net hielendal fuort, mar wie foar de FNP úteins gjin beletsel om it útstel net te stipjen: de helpfraach wurd tiidens it earste oanfraachmomint pasjend by it ferlet fan de kliënt fêststeld.

Derby is de kommunikaasje perfoarst gjin besúnigingsmaatregel , sa hat it Kolleezje op 21 maaie útlein. Yn it beliedsplan is fierders eksplisiet omtinken opnaam foar de kwaliteit en de arbeidsbetingsten fan de mantelsoarchers. Dit hat de FNP altyd al wichtich fûn om't allinne dêrmei de winsk ta mear individuele foarsjennings realisearre wurde kin. Sadwaande koe de FNP tiidens de ried dan ek ynstimme mei de 'kanteling".

De gemeente sil no it útfieringsplan meitsje dat elts jier evaluearre en eventueel oanpast wurde kin. Dat is winst, want by it "âlde" útfieringsplan wie dit net mooglik.

Lêste tweets

Loading..

Nijsbrief

Skriuw jo yn foar ús nijsbrief