himmeldeialdegeaTwa jier lyn tsjinne de PvdA in inisjatyfútstel yn om ferieningen, skoallen en tsjerken te belûken by de ynfolling fan de ‘duorsume mienskip’. Dat wie nei oanlieding fan it beslút om it ferieningen, skoallen en tsjerken net mear ta te stean om âld papier yn te sammeljen. No moat de ried in beslút nimme oer de kolleezje-utwurking fan dat útstel.

De útwurking komt der koartsein op del dat der in list komt dêr’t ferieningen op yntekenje kinne. Op dy list steane aktiviteiten dy’t te meitsjen hawwe mei in stikje ‘duurzaamheid’ yn ús gemeente. Mar dan wol hiel beheind; eins te min. Konkreet komt it dan del op it skjinmeitsjen fan kontainers en it oprûmjen en byhâlden fan iepenbier grien foar safier dat net ten koste giet fan regulier wurk. Mar de list is dynamysk en kin oanpast en oanfolle wurde.

Hoewol’t de útwurking breder wêze kinne soe en hoewol’t de ferieningen, skoallen en tsjerken net belutsen west hawwe, fynt de FNP dat wy dit in kâns jaan moatte. Dêrby is it wichtich dat der op tiid evaluearre wurdt en bystjoerd as dat nedich is. Miskien dat wy oer in jier of twa jier dan dochs konstatearje kinne dat dit útstel laat hat ta in mear duorsume mienskip.

Lêste tweets

Loading..

Nijsbrief

Skriuw jo yn foar ús nijsbrief