Flater
  • Expected response code 200, got 403 Forbidden

    Forbidden

    Error 403

  • Expected response code 200, got 403 Forbidden

    Forbidden

    Error 403

spdDe gemeente subsidiearret in oantal gruttere ynstellings yn ús gemeente. Tink oan bygelyks de MOS of it Sportbedriuw. Oant no barde dat oan de hân fan prestaasjeôfspraken. Yn de prestaasjeôfspraken wie neat regele omtrint 'goed wurkjouwerskip'.

Troch in útspraak fan de ried (moasje PvdA) liket dêr no feroaring yn te kommen. Ynstellingen moatte yn harren jierferslach omtinken jaan oan it personielsbeleid en kentallen dêromtrint opnimme. In goede saak wat ús oanbelanget.

Grien Links fynt lykwols dat der yn it jierferslach ek omtinken wêze moat foar duorsumheid en foar wurknimmers trefredenheid. De krekte ynfolling derfan soe yn oerlis mei de ynstellings foarm jûn wurde kinne. It omtinken foar duorsumheid is dêrom sa wichtich omdat ús gemeente oer 20 jier in echte duorsume gemeente wêze wol. Dêrom stipet de FNP it amendemint fan Grien Links.

Lêste tweets

Loading..

Nijsbrief

Skriuw jo yn foar ús nijsbrief