geldOan eltsenien in sûn en noflik 2011! De earste riedsgearkomste sit dêr al wer op. Hoe giet Smellingerlân om mei it tekoart oan struisâlt, wie de fraach fan de CU oan it Kolleezje yn dizze koarte riedsgearkomste. Dat is in kwesje fan keuzes, neffens de wethâlder. Sa is it mar krekt: as jo minder middels hawwe om doelstellings te realisearjen, dan moatte jo in kar meitsje.

 

Yn dit nije jier komt it dêr op oan hoe't keuzes útfalle want de besúnigingsdoelstelling fan 4 miljoen euro komt tichterby. De FNP hat wolris muoite hoe't Smellingerlân omgiet mei krapte. Sa is de finansiering fan de parkeargaraazje oan it Riedhûsplein nochal ûnwis, 1,4 miljoen moat dutsen wurde út ferwachte grûnopbringsten fan it Fûgelsangprojekt. Helje wy dy opbringst wol? En dan it MFC fan Aldegea. it hiele doarp wol in romte fan 800 kante meter want oars kin de eksploitaasje net út. De mearderheid fan de ried fynt lykwols 1,1 miljoen foar bygelyks it doarpshûs fan Rottevalle wichticher dan in goed rendearjend MFC foar Aldegea. Mar ek de djoere spoarplannen steane noch hieltiten yn it Kolleezjeprogram. De WMO liket foarearst bûten skot te bliuwen. De gemeente hat hjir jild foar reservearre, mar hoe komt dat letter wannear't de ryksynkomsten echt ôffalle? En de drastyske besúnigings op de WSW? Smellingerlân moat perfoarst sels mear wurk oanbestede want oars rakket mooglik ien op de trije wurknimmers fan Caparis harren wurk kwyt.

Omgean mei krapte hâldt yn op in ferantwurde wiize mei mienskipsjild omgean. Oan de FNP om dat bleat te lizzen, ek wer yn 2011.

Lêste tweets

Loading..

Nijsbrief

Skriuw jo yn foar ús nijsbrief