FNP-Smellingerlân is bliid mei de útkomsten fan it lânlik FNV-ûndersiik nei de effektiviteit en doelmjittichens fan it sosjalebelied yn ús gemeente. Neffens de Lokale Monitor Wurk, Ynkommen en Soarch 2009 is it sosjale belied fan Smellingerlân it bêste yn Fryslân. Lânlik stiet Smellingerlân op plak 20.

Dochs hat de FNP inkele rânebetinkings. Earstens is it ûndersiik netfolslein represintatyf. It FNV hat 200 ûnderling ferskate gemeentenûndersocht wylst Nederlân 431 gemeenten hat. Wy kinne de útkomsten dan ek allinne beskôgje as in indikaasje hoe’t de Nederlânske gemeenten oer it generaal omgeane mei minsken mei in leech ynkommen.

Twaddens die bliken út dit ûndersiik dat benammen sjoen is nei de saneamde formele prosedures: útjeften oan it minimabelied en deskuldhelpferliening, de wachttiiden by it oanfreegjen fan in útkearing, de oanfraachprosedures sels en it útfierde WMO-belied. Dat is wichtich en it is fansels ek kreas dat de ferbetterings dy’t Smellingerlân oanbrocht hat yn har sosjaal belied, no resultaten opsmite. Mar dat no mear minsken gebrúk meitsje fan foarsjennings dêr’t sy rjocht op hawwe, is as sadanich noch net genôch. Foaral ek om’t hast alle gemeenten yn ús lân op it stuit dwaande binne mei it oanpasjen en ferbetterjen fan harren prosedures - lykas Smellingerlânen oare gemeenten dat al dien hawwe. It is dan ek de fraach oft Smellingerlân har foarsprong behâlde kin. Wy meie dus net efterútleune!

Treddens is it sa dat wy betinkings hawwe by it re-yntegraasjebelied fan Smellingerlân. Neffens it ûndersiik soe dit belied yn ús gemeente effektyf wêze om’t ûnder oaren in relatyf soad minsken “duorsum” útstreame nei betelle wurk. Dat is feitlik noch mar de fraach. Te folle heare wy noch dat minsken wurk hawwe foar in (heal) jier en dêrnei wer werom falle yn in útkearing. Smellingerlân makket gebrúk fan meardere re-yntegraasjebedriuwen. En de belangen fan kliënten en dizze bedriuwen rinne nochal ris útinoar: neffens de FNP bestiet der in spanningtusken de fertsjinsten dy’t reïntegraasjebedriuwen opstrike en it stribjen nei “maatwurk” foar de doelgroep. FNP-Smellingerlân hat hjirfoar koart ferline oandacht frege yn de gemeenterie. De FNP stribbet dan ek nei mear rezjy fan de gemeente op dit mêd en sprekt har út foar in oanlûken fan twa of mear gemeentlike “banenjagers” ynstee fan inkele reïntegraasjebedriuwen. Dit soene dan meiwurkers wêze moatte dy’t harren hielendal dwaande hâlde mei it besykjen fan bedriuwen en ynstellings om fakatures boppe wetter te krijen en de dêrfoar nediche subsydzjes te regeljen. Neffens de FNP ferminderet dit de útfieringskosten fan Sosjale Saken en wurd de effektiviteit fan premies fergrutte.

Fansels moat hjiroer altyd oerlein wurde mei de fertsjinwurdigers fan de doelgroep, de Kliëntenrie foar útkearingsrjochthawwers WWB en minima fan de gemeente Smellingerlân.

Lêste tweets

Loading..

Nijsbrief

Skriuw jo yn foar ús nijsbrief