Flater
  • Expected response code 200, got 403 Forbidden

    Forbidden

    Error 403

  • Expected response code 200, got 403 Forbidden

    Forbidden

    Error 403

stemwIt allinnich yn it Nederlânsk útbringen fan de Stimwizer Smellingerlân is in 'gebrek oan respekt foar de frysktaligen'. Dat stelt listlûker en gemeenteriedslid Durk Oosterhof fan de FNP. De stimwizer dy't fan de gemeenteried op 5 febrewaris lansearre wurdt, is allinne mar yn it Nederlânsk. "Yn de ried is blykber tefolle wjerstân tsjin in Frysktalige ferzy njonken de Nederlânske ferzy."

De gemeenteried hat koartlyn besletten om in stimwizer foar Smellingerlân meitsje te litten om de kiezers hâldfêst te jaan by de gemeenteriedsferkiezings fan 3 maart. Dat barde op inisjatyf fan de FNP-fraksje yn de ried. Yn de tariedende gearkomste foar de stimwizer waard ek de frysktalige ferzy fan de stimwizer troch de makker fan de stimwizer beneamd. "No't op de útfiering oankomt, binne der blykber partijen dy't net wolle dat wy in stimwizer meitsje dy't ek rjocht docht oan de frysktaligen yn ús gemeente. Yn oare gemeenten lykas Ljouwert en Tytsjerksteradiel is wol keazen foar in twatalige stimwizer".

Oan de kosten kin it net lizze neffens Oosterhof. ""It oersetten fan de stellingen troch de AFUK kostet noch gjin 80 euro. Wy binne hiel bliid dat der in lokale stimwizer is, mar kinne net oars dan konstatearje dat in mearderheid yn de ried fan Smellingerlân it Frysk blybker net serieus nimt."

Lêste tweets

Loading..

Nijsbrief

Skriuw jo yn foar ús nijsbrief