pasfoto_durkYn de Drachtster Courant is foar de ferkiezings in rubryk 'Geef hem de vijf' dêr't oan de listlûkers fan de ferskate partijen in fiif fragen stelt wurde. Hjirûnder de fiif fragen oan de FNP:

1. Wat wilt u kwijt in 100 woorden?
Smellingerlân is moaie gemeente en dy gemeente binne wy meiinoar. Ik hear noch te faak praten oer 'se' as it gemeentebestjoer bedoeld wurdt. Dat betsjut dat it bestjoer noch fierstene fier fan de ynwenners ôf stiet.


2. Wat moet er veranderen in Smallingerland?
De hâlding fan it bestjoer moat feroarje. Oan de iene kant binne de bestjoerders wol belutsen genôch by de gemeente mar tagelyk sjoch ik ek in hingjen nei it 'grut' en it 'mear' en dat resultearret bygelyks yn it ynfestearjen wollen yn in fjierstene djoer spoar en it stribjen nei in megalomane fúzje mei it Hearrenfean.

3. Wat maakt u een goede politieke leider?
Oaren sizze fan my dat se tinke dat ik in bestjoerder bin dy't it bestjoer ticht by de minsken doart te hâlden. Sels fyn ik wichtich dat ik goed harkje en analysearje kin. En dat ik fan dêrút myn ôfweagins meitsje dy't sawol rjocht dogge oan it algemiene belang as oan wat ik as FNP-er wichtich fyn.


4. Wie is uw grote voorbeeld?
In grut foarbyld ha ik net; wol minksen dêr't ik grut respekt foar ha. Minsken as Nelson Mandela, mar ek minsken as âld minister Jan Pronk en fan eardere datum Pieter Jelles Troelstra. Minsken dy't tsjin de stream yn de goede kant útgeane en dat folhâlde.


5. Waarom gaat uw partij op 3 maart winst boeken?
Wy wolle in sit derby yn de ried en binne der fan oertsjûge dat der in soad minsken binne dy't de ideeën fan de FNP oansprekke. Mei ús ideeën wolle wy de goede kant út, somstiden tsjin de stream yn, mar altiten yn it belang fan de ynwenners fan ús gemeente. It resultaat sille wy sjen op 3 maart.

Lêste tweets

Loading..

Nijsbrief

Skriuw jo yn foar ús nijsbrief