Yn it hjoeddeiske tinken wurdt de ekonomy faak besjoen as eat dat as in selsstannige ienheid bestiet, wylst dat net sa is. Ekonomy is in gefolch fan minksklik hanneljen, in beskriuwing fan wat minsken dogge mei guod. It mei dan ek nea sa wurde, dat de minsken ûndergeskikt makke wurde oan de ekonomy. Ut dat útgongspunt wei sjocht de FNP nei it ekonomysk belied yn de gemeente. In belied, dat net makke wurdt om de ekonomy, mar foar de minsken.

De FNP set fraachtekens by de skealike kanten fan ekonomyske groei.

Foar de FNP betsjut it boppesteande, dat:

  • der by it stimulearjen fan wurkgelegenheid stribbe wurdt nei in goede ferankering yn de mienskip. Faak sil dat betsjutte dat de foarkar jûn wurde moat oan in ferskaat fan lytsskalige bedriuwen en bedriuwkes dy't wurkje mei lokale minsken. Mar ek foar grutte bedriuwen moat der plak wêze.
  • grûn kostber is. Mar grûn hat ek it fermogen om der planten op waaksje te litten en om koaldiokside te binen. Us mienskip kin allinne bestean by de graasje fan de boaiem dêr't er op libbet: it measte dat wy ite komt út of waakset op 'e grûn (it oare komt út 'e lucht en it wetter). Dat jout in ferantwurdlikheid oan de mienskip om hoeden mei de grûn om te gean. It rekket ek oan de kearnwearde duorsumens. Dêrom moat der behâldend omgien wurde mei it brûken fan grûn foar wegen, yndustryterreinen en wentebou. By plannen moat de kwaliteit fan de grûn as boarne fan ús iten substansjeel meiwoegen wurde.
  • miljeufreonlike en duorsume bedriuwichheid safolle mooglik stimulearre wurde moat en, as dat net kin, fasilitearre wurde yn alle sektoaren fan de ekonomy ynklusyf de lânbou. De gemeentlike organisaasje moat dêr sels yn foarop rinne troch in maksimaal duorsumenssbelied yn de eigen organisaasje. Troch duorsumens wurdt it net djoerder, allinne wurde de kosten fuort betelle en wurde se net trochskood nei kommende generaasjes.
  • dêr wêr mooglik de gemeente it lokaal bedriuwslibben yn 'e beneaming komme lit as der wurk útbestege wurde moat.
  • winkelsluting op snein handhavene wurde moat. Foar in mienskip is it wichtich dat der in dei is, dat safolle mooglik minsken net wurkje, sadat der ek tiid ûntstiet om wat oars te dwaan.

Lêste tweets

Loading..

Nijsbrief

Skriuw jo yn foar ús nijsbrief