Smellingerlân...
aldegea.jpg

caparis-neonIn pear moannen ferline is it jierferslach 2009 fan Caparis útkommen. Ôfrinde wike waard dit behannele yn ‘e gemeenteriedskommisje SAZO. Nei ús miening hat de gemeente noch hieltiten te min regy yn it proses oangeande omskeakeling fan Wws-produksjebedriuw nei “arbeidsûntwikkelingsbedriuw”. Dizze (ferplichte) omskeakeling is it gefolch fan in lânlike wetswiiziging út 2008.

Lykas oarre jierren, wie ek dit ferslach foaral in ferantwurding oan de gemeenterie en it gemeentebestjoer oer saken as de finânsjes, de taakstelling en de wachtlisten. Dat is fansels wichtich want sûnder dizze gegevens soe de gemeenterie harren kontrolearjende rol net wiermeitsje kinne. Mar it jierferslach hie fierder gean moatten. 

De sintrale begrippen binne sûnt 2008 “arbeidsûntwikkeling” en “fan binnen nei bûten”.  Dat hâldt yn dat de arbeidskundigens fan de ferskate meiwurkers behâlden wurde moat en – wêr’t mooglik – útwreidzje mei as doel yn ‘e takomst  wurkje te kinnen ûnder normale omstannichheden (artikel 3 lid 1 Wsw). Dit is in kontinu proses wêryn de Wsw-meiwurker stimulearre en stipe wurd om him (har) te ûntwikkeljen yn en nei betelle wurk. It giet hjirby om it krijen en behâlden fan fak- en wurknimmersfeardigens.  Of “arbeidsûntwikkeling” ek feitlik liede sil ta in pleatsing op in regulier wurkplak, is ôfhinklik fan de kapasiteiten fan de Wsw-meiwurker yn kombinaasje mei de mooglikheden dy’t de arbeidsmerke jout. Yn dit ramt hat Caparis it belied fan 40% Beschut Binnen, 30% Beschut Buiten en 30% Detasjearing ûntwikkele.  Nei ús miening binne dat noch al eigenwilliche oannames, mar it jout yn elts gefal oan dat Caparis serieus útein setten is mei it befoarderjen fan wurkjen fan “binnen nei  bûten”.

De gemeenterie fan Smellingerlân hat gjin folslein foech oer de útfiering fan de Wsw, want Caparis ferfollet harren Wsw-taken yn it ramt fan in Mienskiplike Regeling tusken 8 gemeenten yn ús regio. Mei oare wurden: 8 gemeenterieden hawwe in part fan harren foech oer de útfiering fan de Wsw, oerdroegen oan in mienskiplik orgaan – de Gr Sw Fryslân. Dizze oerdracht fan foech hjit “delegaasje”. Mar fanwegen de lânlike Wsw hâldt lykwols eltse gemeente – dus ek Smellingerlân – twa wichtige rollen oer: nammentlik dy fan wurkjouwer en dy fan oanbesteder fan wurk.  Dat betsjút dat de gemeente dus de regy hat op de útfiering fan de Wsw – en dan benammen sicht hawwe moat op de bedoelde arbeidsûntwikkeling fan alle Wsw-meiwurkers. It jierferslach 2009 jout dit oersjoch net.

Dat moat dus oars. Der sil úteins in kaderstellende oardering komme moatte om eltse gemeente hânfetten te jaan de regy te hawwen oer de omskeakeling fan produskje- nei “arbeidsûntwikkelingsbedriuw”. No bliuwt in jierferslach in opsomming fan sifers; it moat úteins in ferslach wurde mei dúdlike doelstellings, in ferslach wêryn de gemeenten better ynformearre wurde oer alle aspekten fan it belied wêrtroch hja better krityske fragen stelle kinne en oanwizings jaan kinne. De Inspectie Werk en Inkomen (IWI) jout in harren  rapportaasje “Arbeidsontwikkeling Wsw in beeld” (april 2010) yn dit ferbân in tal suggestjes.

Neffens de IWI moatte yn in jierferslach oan ‘e oarder komme: fisy-ûntwikkeling, kultuuromslach, ûntwikkeling fan it instrumentarium, ferbreedzje fan de doelgroep en de ûntwikkeling tsjinstferliening fan gemeenten sels oan de Wsw-bedriuwen. FNP-Smellingerlân wol hjirmei dan ek graach oan de slach.