De FNP makket him grutte soargen oer plannen dy’t de ESBO besiket te realisearjen op it terrein fan it eardere Fries Paarden Centrum (FPC) by Drachten. It sintrum is earder yn de griene buffer tusken Boarnbugum en Drachten bout mei in hynstebestimming. De ESBO wol de bestimming ferrûmje en ek wentebou mooglik meitsje. Hja freegje oan de gemeente hjirfoar de Krisis- en herstelwet te brûken.
It bouwen fan wenten yn dat gebiet, skeint ôfspraken dy’t makke binne mei Boarnburgum en mei de omwenjenden fan it eardere FPC. It soe it betrouwen fan de boarger yn it gemeentebestjoer beskamje as no in bestimmingswiziging tastien wurd. It bouwen fan de wenten tsjinnet nammentlik foaral it finansjele belang fan de ESBO en net it algemien belang.
Ien fan de redenen dat it kompleks fan it eardere FPC net rendabel te meitsjen is, hat faaks te krijen mei dat de ESBO fan it begjin ôf benammen ynsetten hat op aktiviteiten dy’t net yn it bestimmingsplan pasten. Dit ynsté fan folslein yn te setten op hynsteaktiviteiten dêr’t it sintrum foar bedoeld wie. It folstoarten mei beton fan de grutte oerdutsen hynstebak fuort nei de oername troch de ESBO yn 2003 is hjir in illustraasje fan.
De FNP hat hjir fragen oer stelt oan it Kolleezje fan B & W fan Smellingerlân en wol witte wat it Kolleezje fan de plannen fan de ESBO fynt –dit fanwege eardere ôfspraken mei de Boarnburgum.
De FNP is fan betinken dat de Krisis- en Herstelwet net foar dit doel ornearre is en fynt dat it belang fan omwenjenden en de doarpen hjirmei tekoart dien wurd. Boppedat hechtet de FNP oan de ôfspraken dy’t earder makke binne oer de griene buffer tusken Drachten de Boarburgum.

