De FNP is bliid dat der wer in nij kolleezje is. It hat efkes duorre, mar dan ha je ek wat. Hoewol?
Wat wol it nije kolleezje? Yn grutte linen komt it der op del dat it kolleezje alles wol dat al op de rolle stie (útsein de kultuerklustering, mar it jild dat dêrfoar beskikber wie wurdt no yn it opknappen fan gebouwen setten), útgiet fan groei, mar tagelyk har realisearret dat wy yn oare ekonomyske omstannichheden telâne kaam binne fan krimp fan it gemeentebudzet.
It besteande belied sil hanthavene wurde, mar dochs sille der pynlike keuze’s makke wurde moatte neffens it kolleezjestik. Der moatte kânsen pakt wurde! Ek de FNP wol posityf tinke en yn kânsen tinke, mar wol ek graach witte wat it kolleezje docht as der krekt wat minder kânsen binne dan dat der nedich binne.
Der komt ek in doelstelling foar de wurkleazens; in dynamyske doelstelling dat wy de wurkleazens werombringe wolle ta it Frysk gemiddelde. Mar wat as dat gemiddelde boppe de tsien prosint komt?
It is goed dat der ek ynsetten wurdt op it ferbetterjen fan de ICT ynfrastruktuer. Aktyf akwisysjebelied is goed, mar soe ek negatyf útwurkje kinne foar de regio-mienskip as bedriuwen binnen de regio begjinne te ferhúzjen.
De gemeentenamme wurdt sjoen as handikap by de akwisysje. Te min nammebekindheid. Frjemd, hoewol? De lêste boargemasters dy’t Smellingerlân hân hat, lykje harren wol te skamjen foar de namme fan ús gemeente. Se lykje wol gjin boargemaster fan Smellingerlân wêze te wollen mar prate leaver fan Drachten dan fan Smellingerlân. Is it dan nuver dat de namme Smellingerlân net bekend is as je dy namme net doare te brûken.
De FNP fynt dat in gemeentebestjoer de gemeente by de namme neame moat. As it dat net doart en dy namme net doart út te dragen, dan fertsjinnet ús gemeente in better bestjoer. Sels yn dit kolleezjeprogramma fleant it nije kolleezje finaal út de bocht mei de sin: “Drachten is in prettige woon/werkgemeente…..” Jo soene hast tinke dat yn dit hûs al net mear praten wurdt fan Smellingerlân mar allinne noch fan Drachten.
De FNP hat der grutte moeite mei dat it kolleezje alle bedriuwen yn it sintrum ferplichtsje wol in bydrage te leverjen oan aktiviteiten dy’t der yn en om it sintrum hinne. Hja wolle dêrfoar in ûndernimmersfûns yn it libben roppe. Moatte wy dit sjen as in soarte fan belesting? Hat it kolleezje ek yn oare branches plannen op dit mêd. Fynt it kolleezje dat alle bedriuwen c.q. ûndernimmers harren ferplicht organisearje moatte. Wurdt de bydrage oan sa’n ûndernimmersfûns ôfhinklik makke fan de omset fan in bedriuw? Hokker rol spilet HenI yn dit gehiel? En wa beheart it fûns? Allegearre fragen dy’t opkomme. Allegearre bedrigingen ek foar it ûndernimmersklimaat.
Wy binne der bliid mei dat dit kolleezje de keapsneinen net nedich fynt.
Op it mêd fan kultuer kloppet Smellingerlân him nochal wat op it boarst mei in boppegemiddeld kultuurklimaat. Dêrtroch ûnstiet in goed festigingsklimaat neffens it nije kolleezje. De FNP hat dêr wol wat fraachtekens by. In korrelaasje is noch gjin oarsaaklik ferbân.
Wat yn Smellingerlân ek ûnder de post kultuer beflapt wurdt, is het taalbelied. It wurdt heech tiid dat begûn wurdt mei it útfieren fan it hiele lytse stikje taalbelied dat der yn ús gemeente is. As wy it fêststelde belied útfiere, kinne wy dêrnei in ferfolchstap sette.
De FNP is ek wiis mei de ynstek om lytskalige inisjativen te stimulearjen. Benammen op it plattelân dêr’t troch de bline skaalfergrutting yn de lânbou pleatsen harren eardere funksje ferlieze.
Wat de duorsumheid oanbelanget: dêr soe it kolleezje mear dwaan kinne. Mar dêr leit ek in hiele dúdlike taak foar de ried. Dy soe it inisjatyf nimme moatte om in echte kadernota duorsumheid op te stellen. It kolleezje is fierstene faach troch de gesichtspunten fan wêrút duorsumheid besjoen wurde sil, net te beneamen.
Toerisme rekreaasje en sport krije ek omtinken. Ien fan de wichtichste ekonomyske sektoaren yn Smellingerlân neffens it kolleezje. Wy freegje ús dat ôf en hawwe gjin sifers fine kinnen om sa’n bewering te ûnderbouwen. Moai dat der praten wurdt oer it Toeristyske produkt ‘Smallingerland’. Dat sil grif bydrage oan de nammebekindheid van de gemeentenamme!
It nije kolleezje wol ûnder betingsten noch 9 ton ekstra yn it polderhaadkanaal stekke. De fraach dy’t dêrby steld wurde moat is hoefolle wurkplakken dat op langere termyn foar de gemeente opleveret en hoefolle dat per wurkplak dan kostje sil. En tagelyk moat dan de fraach steld wurde hoefolle wurkplakken der op in oare wize mei datselde jild makke wurde kind hiene. De FNP is der fan oertsjûge dat der mei dat jild folle mear te dwaan is op it mêd fan toerisme.
It is in goed ding dat der fierder besocht wurde sil de feart wer iepen te krijen. De ûntwikkelder is yn gebreke bleaun en mei wol wat hurde oanpakt wurde wat de FNP oanbelanget. Yn de takomst moatte strakkere ôfspraken makke wurde mei ûntwikkelders.
Foar de Welle wachtsje wy mei belangstelling de plannen ôf. Yn in tiid fan ekonomyske krisis liket it de FNP net in earste prioriteit ta om ta nijbou te kommen.
Under it kopke gearwurking steane moaie folsinnen. Sizzen is neat mar dwaan is in ding. Wy hoopje dat de moaie wurden wierheid wurde sille. De basishâlding dy’t it kolleezje útstriele wol, sprekt de FNP oan.
Oer it neistribjen fan in fierstene djoer spoar hat de FNP fan begjin ôf oan dúdlik west: net dwaan! En in ûndersyk nei it yn inoar opgean fan it Hearrenfean en Smellingerlân is yn de eagen fan de FNP weismiten jild. De FNP hat op dit stuit hielendal gjin ferlet fan in gemeentlike weryndieling. Of it soe al in dúdlike winsk fan de befolking út wêze moatte. Wy bliuwe it ûnfatsoenlik finen dat in gemeentebestjoer plannen makket foar en ûndersyk docht nei gebieten dy’t net fan de gemeente binne. Dat heard in bestjoerslaach heger te barren of as it wollen fan ûnderop komt, yn de mande mei de gemeenten dêr’t it oer giet.
Oer de skoallehúsfesting: yn de maartgearkomste oer de stimulearjende ynfalshoeke hat de ried hiel dúdlik oanjûn dat de Swetten en it Ambyld boppeoan it listje fan de ûnderwiishúsfesting komme soene. Dat moat no wol wier makke wurde.
Dan oer de besunigingen: it kolleezje wol de kommende fjouwer jier besunigje sûnder lêstenferswierring foar de boargers en bedriuwen en sûnder de foarsjenning ‘ûnferantwurde’ oan te taasten. Yn it foarbehâld sit hjir de angel: wat fynt it kolleezje wol en wat net ferantwurd as it om oantaasting fan foarsjennings giet?
Hiel nijsgjirrich is dat by de twadde tranche fan besunigingen ‘alle mooglikheden’ ûndersocht wurde, ynklusyf in OZB ferheging. Dat is ambisjeus, foaral ek al omdat it foarrige kolleezje ek soksoartige tasizzing oangeande de finansiering fan it spoar net neikomme koe of woe.
Ofslutend: it is moai dat der hiel posityf tocht wurdt, mar it soarchlik dat it dêrmei liket dat it kontakt mei de realiteit ferlern wurden is.
Hoewol’t der in oantal goede saken yn it kolleezjprogram steane, nimt it FNP ôfstân dit kollegeprogramma.

