In pear moannen ferline is it jierferslach 2009 fan Caparis útkommen. Ôfrinde wike waard dit behannele yn ‘e gemeenteriedskommisje SAZO. Nei ús miening hat de gemeente noch hieltiten te min regy yn it proses oangeande omskeakeling fan Wws-produksjebedriuw nei “arbeidsûntwikkelingsbedriuw”. Dizze (ferplichte) omskeakeling is it gefolch fan in lânlike wetswiiziging út 2008.
Lykas oarre jierren, wie ek dit ferslach foaral in ferantwurding oan de gemeenterie en it gemeentebestjoer oer saken as de finânsjes, de taakstelling en de wachtlisten. Dat is fansels wichtich want sûnder dizze gegevens soe de gemeenterie harren kontrolearjende rol net wiermeitsje kinne. Mar it jierferslach hie fierder gean moatten.


De FNP makket him grutte soargen oer plannen dy’t de ESBO besiket te realisearjen op it terrein fan it eardere Fries Paarden Centrum (FPC) by Drachten. It sintrum is earder yn de griene buffer tusken Boarnbugum en Drachten bout mei in hynstebestimming. De ESBO wol de bestimming ferrûmje en ek wentebou mooglik meitsje. Hja freegje oan de gemeente hjirfoar de Krisis- en herstelwet te brûken.
Yn de ried fan 11 maaie kaam de saneamde Kadernota Duurzaam wer oan de oarder. De ried hie ferline jier maart frege by moajse om in yntegrale Kadernota Duurzaamheid en no waard ús fan it kolleezje in nota oanbean dy't net yntegraal wie en dy't gjin kaders stelt. As der al in kader stelt waard wie it dat der noch ûndersyk dien wurdt nei hokker kaders der op it mêd fan CO2 neutraliteit eventueel stelt wurde kinne soene.