FNP Smellingerlân winkset elkenien noflike krystdagen en lokkich 2012 ta!
****
In hege priis foar Caparis
snein, 25 septimber 2011 19:42
Ôfrûne tongersdei 22 septimber hawwe de 8 Fryske Kolleezjes dy't it bestjoer foarmje fan Caparis, harren rapport oer de takomst fan de WSW-ynstelling presintearre en oanjûn dat hja dizze gearwurking trochsette wolle. In oplossing foar de grutte finansjele problemen is dêr noch net. Boppedat krije de gemeenten jierliks 6 miljoen minder fan it Ryk. De acht gemeenterieden moatte elts noch beskaat beslisse oer de gearwurking.
De Kolleezjes fan de gemeenten It Hearrenfean en Smellingerlân hawwe juster bekend makke dat it goed wêze soe beide gemeenten fusearje te litten. Hja binne al fanôf 2009 dwaande mei dit idee. De plannen binne útwurke yn de notysje "Een nieuw bestuurlijk perspectief 2.0". Troch de fúzje soe winst helle wurde kinne yn de ekonomyske ûntjouwing fan de A7-regio.
Eltse gemeente yn Nederlân wurdt de kommende jierren konfrontearre mei drastyske besúnigings. De Ryksbegrutting foar 2011, sa as fêstlein yn de Miljoenennota fan ferline jier, skriuwt foar dat oant 2015 yn oprinnende mjitte 3,2 miljard besúnige wurde moat op de totale oerheid. Dit bedrach komt noch by de besúnigings fan 1,8 miljard dy't earder al troch it Ryk ynpland binne.