
Saapke Voolstra (1985)
Kommisje SAZO
Myn namme is Saapke Voolstra en ik bin yn 1985 berne op it Hearrenfean. Ik haw oant myn 23e altyd yn Opsterlân wenne. Mar ik haw yn Drachten myn middelbere skoalle folge. Sûnt twa jier weinje ik tegearre mei myn freon yn de Folgeren.
Sûnt april 2008 bin ik de foarsitter fan de FNPjongerein. Wy besykje de belangen fan de jongerein hearen te behertigjen yn de Fryske polityk. Yn 2009 hienen wy in grutte boppeslach mei it keterapport. Fierder fertsjinwurdigje ik de FNPjongerein by de jierlikse gearkomste fan de EFAy, 'the European Free Alliance youth' wêr't ús partij ûnderdiel fan is.
Op 5 oktober bin ik foar de FNP beneamd yn de kommisje 'Samenleving en Zorg' fan de gemeente Smellingerlân. Bûten de FNP bin ik noch aktyf as frijwilliger by it Nederlânske Reade Krús yn Smellingerlân. Ik ferfolje dêr in staffunksje en bin aktyf as helpferliener by eveneminten.
Hobbys fan my binne noch muzyk meitsje (ik spylje cornet by in fanfare) en fotografearen. Ek hawwe myn freon en ik in folkstún oan de 'Zandige wijk'.
At je mear witte wolle: ik bin ek aktyf op Twitter! @Saapke, of fia de e-mail
Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.