
Sijbren Sijtsma (1967)
Riedslid, Kommisjes SAZO, AEFZ en RIM
Berne yn 1967 en opgroeid yn Balk. Oantal jierren yn Snits wenne, sûnt begjin 2009 yn Drachten. Wurksum as meiwurker Boargersaken by in gemeente yn Drinte.
Wie yn Snits aktyf in de Kliëntenrie Sosjale Saken en de belangenbehertiging foar hierders. Fanôf 2006 aktyf yn de FNP: 3 jier lid wist fan de Riedskommisje Stêdsûntwikkeling en Miljeu gemeente Snits en aktyf yn de skaadfraksje fan FNP-Snits. Fanôf maart 2010 FNP-riedslid yn Smellingerlân.
Wol graach dat Smellingerlân in gemeente is wêr it goed en betelbar wenjen is, in gemeente dy’t earlike kânsen jout oan minsken mei in leech ynkommen en soarget foar foldwaande en sinfol wurk foar eltsenien. Fierders wol ik dat Smellingerlân hoeden omgeat mei har smûke lânskip en de doarpen “leefbaar” hâldt.
Fansels wol ik my net allinne ynsette foar de polityk, mar krekt ek dêr buten mei as basis in kommunikaasje yn it Frysk: de taal dy’t sprútsen wurd troch de measte ynwenners fan Smellingerlân en it reau is foar harren tinken en fielen.