Folkssûnens is ûnderdiel fan it wolwêzen fan de mienskip. De FNP is fan betinken dat de taak fan de gemeenten benammen lizze moat op it skeppen fan de betingsten foar in sûn libben. Dus yn it foarste plak ynsette op previntive maatregels. Dêrnjonken moat der fansels ek, dêr't mooglik is, gemeentlike ynfloed brûkt wurde om op it hiejende mêd (kuratyf) sa goed mooglike rânebetingsten te meitsjen.
De FNP is fan betinken dat in part fan it jongerein fierstene tefolle alkohol drinkt. Mei dêrom stipet de FNP it inisjatyf 'Vroeg op stap'. De FNP wol yn gearwurking mei de omlizzende gemeenten komme ta in slutend belied op dat stik fan saken.
De FNP makket him soargen oer it funksjonearjen fan dokterswachten. Berikberheid en klantfreonlikheid binne punten fan soarch, mar ek de oerdracht fan ynterpretaasje fan pasjintgegevens. De gemeente hat hjir net it foech, mar soe besykje moatte de wykein- en nachtsoarch fan de hûsdokters wer tichter by de pasjint te bringen.
Wat de defibrilators oanbelanget, moatte wy ús hoedzje foar saneamde skynfeiligens. Dêr't in protte minsken byinoar komme lykas sportkantinen en by eveneminten, moatte genôch defibrilators by de hân wêze.