Smellingerlân en dan benammen Drachten hat ek op it mêd fan kultuer oan de iene kant in regiofunksje (tink oan bygelyks de Lawei), mar oan de oare kant is ek de ûntjouwing fan de 'lytse' kultuer yn doarp en wyk fan belang. Yn it kultuerbelied soe mear omtinken komme moatte foar it twatalige fan ús mienskip; it soe der yntegraal ûnderdiel fan útmeitsje moatte.
It jild foar kultuur moat benammen yn tiden fan ekonomyske krisis op in ferantwurde wize útjûn wurde. De grutte kultuerklustering yn Drachten moat nochris goed besjoen wurde. De ôfwaging dy't makke wurde moat is oft it jild dat foar kultuerklustering bedoeld is op in oare wize net in grutte bydrage leverje kin oan it wolwêzen fan de ynwenners fan Smellingerlân.
Der moat mear omtinken komme foar gebouwen út de opbouperioade fan nei de twadde wrâldoarloch. Ek gebouwen út eardere perioaden lykas it Dunlopgebou oan it Munein, binne it bewarjen wurdich. Kulturele aktiviteiten lykas Simmerdeis moatte fergees bliuwe.