Utgongspunt fan it ferkearsbelied yn Smellingerlân moat wêze dat de iepenbiere rûmte fan elkenien is. De auto hat net automatysk it primaat, mar is yn mear of mindere mjitte ûndergeskikt oan de oare funksjes fan de iepenbiere rûmte, ôfhinklik fan it plak: yn wenwiken en op de grutte wegen.

Yn Drachten binne skoallen dêr't in protte bern fan bûten Drachten ek hinne geane. Dy moatte op in feilige manier op 'e fyts by skoalle komme kinne, safolle mooglik oer fytspaden.

By de ferljochting fan wegen moat de ferljochting safolle mooglik ôfstimd wêze op de ferkearsyntinsiteit. As der gjin ferkear is, hoecht der ek gjin ferljochting te wêzen. As der ferljochting oanlein wurde moat, dan sil der keazen wurde moatte foar in sa enerzjysunich mooglike ferljochting, bygelyks mei LED-ferljochting.

By it ûnderhâld fan wegen en fytspaden moat rekken holden wurde mei de meast kwetsbere ferkearsdielnimmers.