Libbene doarpen binne ûnmisber foar in sûne gemeente. Safolle mooglik foarsjennings, lykas winkels, skoallen, pinautomaten ensfuorthinne moatte beholden bliuwe. En dêr’t soks net slagget, moat de gemeente sterk befoarderje dat de bedrige foarsjennings beholden bliuwe.
Om de foarsjennings te behâlden sil der stribbe wurde moatte nei in organyske groei fan de doarpen. Doarpen dy't troch it ynskeakeljen fan ferienings en Pleatslik Belang komme wolle ta in foarm fan selsbehear, moatte dy kâns krije. Selsbehear moat stimulearre, mar net fan boppenôf oplein wurde. De FNP soe wiize fan proef it doarpsselsbehear wol ynfiere wolle.
By plannen fan de gemeente moat de doarpsfyzje, as dy der is, it útgongspunt wêze.