De FNP stiet in hoeden finansjeel belied foar. Omdat de jildmiddels beheind binne, sil der in kar makke wurde moatte wêroan't it jild útjûn wurde sil. Dêrby hantearret de FNP de folgjende útgongspunten:
- By plannen moat foaral sjoen wurde oft it jild dat der ynsetten wurdt net op in oare wize in gruttere bydrage leverje kin oan itselde doel. Foarbyld: as der plannen binne om mear wurkplakken yn ús gemeente te krijen en wy dogge dat troch swier te ynvestearjen yn in spoarferbining, dan moatte wy ús ôffreegje oft wy mei datselde jild ek in oare, mooglik sterkere ympuls jaan kinne oan wurkgelegenheid;
- Yn tiden fan besunigingen fan it Ryk wei nei gemeenten ta sil der hieltiten wer hifke wurde moatte oft it jild dat útjûn wurdt wol oan de minsken te'n goede komt dy't dêr it mearste ferlet fan hawwe. In kar foar sosjaal belied boppe prestiizjeobjekten.