hifkfoto Op woansdei 27 desimber is de nije reachside www.hifk.nl úteinset. De bedoeling is dat der sa út en troch hifke wurdt nei wat de miening fan de ynwenners fan Smellngerlân is oer bepaalde aktuele tema's.

It earste tema dat by de kop pakt wurdt is UMTS. Hoe feilich fine minksen dy technyk. Binne se benaud om tichtby in UMTS-mêst te wenjen? Dit tema is aktueel no't telecombedriuwen frege ha om ynstallaasjes te bouwen by de heechspanningsmêsten yn de Drait.