De FNP
ûnderskriuwt de útgongspunten fan it beliedsplan. Oan de oare kant: mei troch
it foarsichtige begrutsjen en rûzen ûntsteane der wol hiele grutte
ferskillen. Tagelyk: wy kinne ús no wol bliid meitsje mei de 2,2 miljoen yn
2010, mar as dat yn in healjier fan 489 nei 2200 gean kin (yn tûzenen
euro's) dan soe it ek samar in kear de oare kant út gean kinne. Wy prate wol
oer 4 jier foarút. Lykwols wy moattte it dwaan moatte mei de sifers sa as dy der
lizze.
De haadpunten út
it beliedsplan:
- de systematyk
fan de benadering fan de kosten fan de riolearring is de FNP wiis mei. Wy
sjogge dat as in earste stap. Op termyn soe der faaks noch fierder
differensjearre wurde kin sadat noch better ta uting komt dat de fersmoarger ek
betellet foar it oprûmjen fan de fersmoarging.
- Omrin
en HVC: It liket derop dat it út Omrin stappen noch juridyske-finansjele konsekwinsjes ha sil. Fan dat eachpunt út soe
it faaks ferstannich wêze kinne dat it berekkene foardiel fan de oerstap
reservearre wurdt foar mooglike skea-claims fan Omrin út. Sjoen de
kompleksiteit fan de problematyk ditoangeande is de FNP der net gerêst op dat
it út Omrin stappen sûnder finansjele konsekwinsjes bliuwe sil. Op it stuit dat
bliken docht dat der gjin skeadefergoeding betelle wurde hoecht, soe dan it
reservearre jild ferekkene wurde kinne mei de fersmoaringsheffing. Dy
systematyk hat foar de FNP de foarkar. It docht nammentlik bliken dat in nei in
foardiel ik beteljen moatte fan in extra heffing in minder gefoel jout dan it
net krijen fan it foardiel. En wy geane dochs foar it wolwêzen fan de
ynwenners, dochs? De FNP soe der dan ek
foar kieze de fersmoargingsheffing no noch net te ferleegjen, mar earst oan te
sjen hoe oft it proses fan útstappen ferrint.
- De mar
by Aldegea: De FNP sjocht noch net de mearwearde
foar de ynwenners fan ús gemeente fan it oanlizzen fan de mar. As it in
algemien belang is (wetterberging) dan mei dat ús gemeente net ûnevenredich
folle kostjen gean.
- N381:
hoe foarsichtich kin je wêze? In principe bereid te overwegen. Ik mis it
wurdsje eventueel noch. As de ferbreding mearwearde foar de ynwenners fan ús
gemeente hat, dan is it ferantwurde om dêr as gemeente ek jild yn te
ynfestearjen. Oars net.
- Dunlop
ferpleatsing: yn alle beliedsplannen en perspektyfnota's liket dit punt wer oan
de oarder te kommen. Miskien is it goed om dêr in ambysje fan te meitsjen. De
FNP fynt dat dit punt òf yn de planfoarming en ambysjes opnommen wurde moat òf
dat der net oer praten wurde moat. Wy hoopje dan ek dat de stúdzje nei de
mooglikheden sa gau mooglik liede sil ta konkrete stappen.
- Kommunikaasje: De reachside fan de
gemeente sil fernijd wurde. De FNP stiet derop oan dat de side behalve yn it
Nederlânsk ek yn it Frysk te riedplachtsjen is. Dat doch rjocht oan ús
twatalige mienskip. In mienskip dy't syn eigen kultuer net serieus nimt, sil
nea in ‘kultuurstêd' yn de fuotten krije kinne. De bydrage fan de eigen kultuer
jout in wêzentlik fûnemint oan it byld fan kultuerstêd. En ferbreedzje dat ta
twataligens yn de gemeentelike it paadwizen (gemeentlike tsjinsten). En op
auto's fan de gemeente. Dêr is in stikje winst te beheljen.
- A-7
zone: it is wichtich dat gemeente him
ynsetten bliuwt foar de ekonomyske ûntjouwing fan de gemeente. Mar it moat net
in doel op himsels wurde en trochslaan. De FNP is fan betinken dat it tiid
wurdt foar in herijking fan it belied op dit stik fan saken. De FNP hat benammen betinkings tjin it
stadichoan folbouwen de A7berms mei al dan net ûnder arsjitektuer boude
blokkedoazen en makket him soargen oer de mearwearde dy't dat op termyn hat
foar de befolking fan Smellingerlân. Wy tinke dat it goed is om yn it meigean
yn de "vaart der volkeren" in momint fan besinning yn te bouwen. En dat momint
te brûken foar in djipgeande analyse fan mearwearde.
- Breedtesport: Goal without alcohol? Ik moat hjir
konstatearje dat der sprake is fan grutte geastlike earmoede wannear't minsken
harren net mear yn harren eigen taal útdrukke kinne of wolle.
- Sportbedriuw: Der moat
jild by. Hoe hat is safier komme kinnen? Wêrom wie dit net earder dúdlik. Hawwe
wy it sloere litten. Is it kolleezje fan betinken dat it in goede saak west hat
om te privatisearjen. Wat bart der
wannear't de subsydzje ôfhinklik wurdt fan doelen dy't stelt wurde en de doelen
wurdt net helle? Krije wy dan it manege-scenario? In partikulier ûndernimmer
dy't foar in pear sinten de saak oernimt en draaie lit?
-
Om de problemen foar in part op te lossen mei ferheging fan de fynt de FNP te maklik. Wy soene dêr graach
earst nochris yn kommisje of riedsferbân oer prate wolle foardat der nij jild
ynstoppe wurdt. De FNP stipet de moasje dy't foarkomme wol dat it jild no al yn
de begrutting beskikber stelt wurdt.