Stilsteande projecten
Wat hawwe Drachtster Feart, Riedhûsplein en it Polderhaadkanaal mienskiplik? Dat it mar net opsjit. Grutte projekten, mar it gemeentebestjoer lit har by de noas nimme troch hûsei- geners en projektûntwikkelders. Grutte projekten hawwe in ‘grut’ bestjoer noadich.
Dit CDA-PvdA-CU-kolleezje is in bytsje te licht. Stjoer har nei hûs. Stim FNP, list 8.
Fúzje en spoar
It kolleezje fan CDA-PvdA-CU hâldt noch fêst oan de plannen foar in fierstente djoer spoar. Mar har eigen fraksjes litte har no falle. Moai sa, fuort mei dat prestiizjeplan! De fúzje mei It Hearrenfean stiet noch wol yn it bûsboekje. Dat is net snoad: skaalfergrut- ting wurket selden yn it foardiel fan de boarger. De kostenfoardielen falle altyd ôf.
De ideeën fan dit CDA-PvdA-CU-kolleezje oer in fúzjegemeente tsjinje jo belang net. Helje der in streek troch. Stim FNP, list 8.
Frysk net deftich
Prate jo Frysk? In protte politisy ek wol. Mar yn it iepenbier fine sy dat net deftich genôch (VVD). Guon wolle sels Fryslân opdûke (D66). En in Fryske stimwizer mocht der net komme, sa waard yn de efterkeamers besletten.
Wy skamje ús net. Wy binne grutsk op it Frysk. Lit US dêrom sprekke. Stim FNP, list 8.