Tiidens in polityke debatjûn op 18 febrewaris 2010 organisearre troch MEE Fryslân, hat Sijbren Sijtsma fan de FNP-Smellingerlân, sein dat deWet Maatschappelijke Ondersteuning (WMO) in tanimmende ynset fregetfan frijwilligers. Hy neamde dit “in grutte boarne fan soarch” . MEEFryslân, in organisaasje dy’t kliënten fan de sûnenssoarch saakkundichstipet mei advys, hie alle polityke partijen yn Smellingerlân útnoege. It gefoel fan de FNP koe rekkenje op meistimmen fan it publyk en demeaste oare partijen.
De FNP hat fansels gjin noed oer de oprjochte ynset fan frijwilligerssels. In protte minsken binne mantelsoarcher, jouwe stipe oanpasjinten of bringe iten rûn oan it âlderein en dat fertsjinnetrespekt. Mar de infiering fan de WMO bringt mei dat der mear asfoarhinne mei de AWBZ, in berop dien wurde moat op frijwilligers. Oande WMO wurdt fanút it regear minder jild bestede as earder oan de AWBZen dat is neffens de FNP in besúnigingsmaatregel. “Dat hoeche wy nette ûntkennen” sa hat Sijtsma sein. It oerbringen fan foech op dit mêdfan de lânlike oerheid nei de gemeenten, hat derfoar soarge dat nofolle mear saken op it boardsje fan gemeenten lizze. Sjoen dat itoanlûken fan frijwilligers foar in soad ferienings en maatskiplikeorganisaasjes hieltiten problematysker wurd, wie it neffens Sijtsma defraach “of de WMO wol dat sukses jaan sil dat wy dêrfan ferwachtsje”.
De FNP ûnderkent dat de gemeente yn it ramt fan de WMO in wichtige rolspielje moat in it befoarderjen fan frijwilligersynset. Mooglik kinnestrukturele fergoedings foar frijwilligers, dizze ynset fergrutsje.De FNP wol dêrom dizze kwesje de kommende jierren breed besprekke meide doelgroep sels, kliëntenorganisaasjes en de polityke partijen yn ‘erie. Mooglik ek soe dat plakfine moatte mei oare gemeenten en deprovinsje , sa hat Sijtsma oanjûn.