Op freed 12 febrewaris hat de PvdA Smellingerlân yn in gearkomste mei it jongerein har twivels útsprutsen oer de finansiering fan in takomstich spoar by Drachten lâns. De gemeente Smellingerlân moet dêr 24 miljoen euro oan bydrage. Sa hat wethâlder Nieske Ketelaar, listlûker fan de PvdA, ferklearre dat de gemeentlike bydrage foar de oanlis fan it spoar net ten koste gean mei fan it sosjaal foarsjenningsnivo yn Smellingerlân. In utopy. Je kinne net 24 miljoen út de begrutting helje mei de kommende besunigingen sûnder op de ambysjes (en goed sosjaal belied is dêr ien fan) yn te leverjen.

De FNP hat hieltiten al tsjin de spoarplannen west omdat de finansiering foar ús gemeente in te swiere lêst wêze sil. Foar wa’t noch net de kwesje kint: it Kolleezje fan PvdA, CDA en CU hat de spoarplannen fûleindich ferdedigt sûnder har drok te meitsjen oer de maatskiplike kosten. Yn earste ynstânsje soe neffens it Kolleezje de OZB ferhege wurde moatte om de neamde 24 miljoen byinoar te swyljen. Doe’t de rie dat te goartich fûn, kaam it Kolleezje mei in alternatyf troch in tal grutte projekten nei foarren te skowen yn kombinaasje mei in beheindere OZB-ferheging en it oansprekken fan de finansjele reserve. En dat bringt no blikber de PvdA wer yn konflikt mei har ferkiezingsprofyl.

De FNP fynt dit skiterich. Wy binne eins bliid dat ek oare partijen ynsjogge dat it spoarplan net helber is – noch foardat de ferkiezings plakfine sille. It toant mar wer ris oan dat it Kolleezje dit megalomane spoarplan sa gau mooglik skrasse moat. Dan kinne de ynwenners fan Smellingerlân harren 24 miljoen moai yn ‘e bûse hâlde en krije hja in earlike kâns om better pleatslik iepenbier ferfier te bepleitsjen – want dat is nammentlik wol nedich.

It is fansels noch net sa fier. De spoarplannen lizze der noch hieltiten. En der leit mear oan saneamde grútske ambysjes: in fúzje mei It Hearrenfean bygelyks. De ôfstân tusken boarger en polityk is kenlik noch net grut genôch. Nee, de FNP giet foar in hiele oare ambysje: lytsskaligens yn de ferhâldings tusken minsken en de oerheid. Lytsskaligens – net te fertizen mei earmhertigens - dy’t mear rjocht docht oan de winsken én de beurs fan ús mienskip.

Wy hawwe ús kar wat it spoar oanbelanget makke. Jo ek? Jouw jo miening en doch mei oan ús priisfraach – earne oars op dizze hiemside.