By de kommende riedsgearkomste stiet de herstrukturearring fan Caparis op de wurklist. Sûnt 2008 is Caparis al oan it feroarjen en it liket derop dat de feroaringen no resultaat begjinne op te smiten.
Mar troch de besunigings fan it ryk op de leanskostensubsydzje komt dat net goed út de ferfe. Dat is it ferhaal út it PWC rapport en dat is ek it ferhaal dat de riedsleden fan Caparis te hearren krigen ha op de gearkomste by Caparis op 28 maart.
It resultaat fan jannewaris en ferbrewaris is better dat begrutte wie. En der binne in oantal opdrachten binnen helle dy't Caparis jild opsmite en dy't de minsken oan it wurk hâlde.
Wat der no oan sit te kommen is de herstrukturearring dy't it gefolch is fan de wet 'Werken naar vermogen'. Koartsein betsjut dat dat allinne it saneamde 'beschut binnen' wurk oerbliuwt. Oars sein: twa tredde fan de minsken yn de sosjale wurkfoarsjenning moat derút.
Om dat op in goede manier dwaan te kinnen moat Caparis 'hersturkturearre' wurde. Foar dy herstrukturearring fan de sosjale wurkfoarsjenning hat it Ryk in potsje dêr't SW bedriuwen oanspraak op meitsje kinne. Mar dan moat der wol in goed herstrukturearringplan lizze. Dat plan moat yn alle rieden fan de mienskiplike regeling fêststeld wurde. Wy dogge dat de kommende riedsgearkomste (of net fansels, mar de ynskatting is dat it wol de mearderheid krije sil). Ek de FNP stipet dit plan: om oanspraak meitsje te kinne op de jilden moat it plan no goedkard wurde. Bart dat net, dan kin der gjin oanspraak mear makke wurde op it potsje fan it Ryk.
Dat wy foarstimme sille, wol net sizze dat wy it der hielendal mei iens binne. Wy meitsje ús grutte soargen oer wat dit úteinliks foar de minsken dy't it oanbelanget betsjutte sil. Tagelyk witte wy ek dat dit in besunigingsoperaasje is dy't út Den Haag weikomt. Wat der dan foar de gemeente oerbliuwt, is besykje om de besuniging sa troch te fieren dat de minsken by Caparis der it minste fan te lijen ha. Dêr sille wy ús by de fierdere útwurking dan ek foar ynsetten bliuwe.