Boargemaster Bert Middel fan Smellingerlân moat mei syn hannen ôfbliuwe fan Achtkarspelen. Dat sizze de foarsitters fan de FNP-fraksjes fan de gemeenten Achtkarspelen en Smellingerlân yn in mienskiplike ferklearring oan de beide gemeenterieden.

Oanlieding foar de hurde wurden fan de FNP-foaropmannen Sjoerd Groenhof (Achtkarspelen) en Durk Oosterhof (Smellingerlân) oan it adres fan Middel is in meidieling yn Middel syn weblog .

Dêr fertelt Middel oer in petear dat hy hie mei boargemaster Van der Zwan fan Achtkarspelen. Middel lit witte "dat de zuidkant van zijn gemeente (Surhuisterveen en Harkema) eigenlijk binnen het directe verzorgingsgebied van Drachten valt. En dat dit feit bij de komende gemeentelijke herindeling betrokken moet worden".

FNP-er Groenhof: " Mei oare wurden: Middel wol Surhûsterfean en De Harkema der wol by hawwe. Ik wit wol hoe oft de bewenners fan dy plakken dêr oer tinke. En wy sille der oer weitsje dat net oer de hollen fan dy minsken de safolste heilloaze gemeentlike weryndieling op gong komt. Middel moat syn hannen thúshâlde". 

FNP-er Oosterhof: "Middel is fan de ideology fan grutter-is-better. In dwaalpaad. Wy wolle graach dat Middel ophâld mei prestyzjeplannen as gruttere gemeenten en djoere treinspoaren. Yn stee dêrfan wolle wy dat hy earst docht wat der fan in boargemaster ferwachte wurde mei: de rinnende plannen goed útfiere. It sintrum fan Drachten leit der by as in woestyn en der is altyd wol wêr in ekskuus werom it net opsjit. En de blaue farve fan wat de Drachtster Feart wurde moat, is dêr al wer ôfsliten troch de autobannen". 

Beide fraksjefoarsitters sille hjiroer fragen stelle. Groenhof (FNP Achtkarspelen) wol witte wat syn eigen boargemaster antwurde hat op it "houliksoansyk" fan Middel. Durk Oosterhof (Smellingerlân) wol útlis fan Middel.