Smellingerlân...

De lêste wiken wiene drokke wiken omdat der ekstra gearkomsten wiene fanwege de Drachtster Feart. De ried moast in útspraak dwaan oer in yngewikkeld útstel omtrint in oanpaste oerienkomst mei Vastgoed Noord (VGN). Yn in pear wurden de histoarje.
Yn 2001 is besletten it Drachtster Feart plan út te fieren. Mei dat plan waard de dwinger oprûme (ynpakt yn in lûdswâl) en waard in nije wenwyk boud. Underdiel fan dat plan wie it trochlûken fan de Drachtster Feart oan it Carillon ta. Yn 2001 wie de FNP tsjin it trochlûken fan de feart. Mar in mearderheid fan de ried wie foar. De plannen waarden makken en útwurke en it wurk begûn. De dwinger waard saneard en de nij wyk Drachster Feart waard oanlein.
Yn 2008 soe VGN begjinne mei it útgraven fan de feart. Mar se koene der net mei trochgean fanwege de finansjele krisis. Op dat stuit ûnstie der nije situaasje. VGN hie de ferplichting de feart te graven mar koe dat net betelje. Mei oare wurden: de gemeente hie in foardering yn natura (it graven en opleverjen fan de feart) op VGN. Mar VGN hie gjin jild om de feart te realisearjen.
Wat no foarlei wie in oanpaste oerienkomst mei VGN wêrby't de foardering yn natura omsetten wurden is nei in foardering yn jild. De feart wurdt útgroeven en de gemeente finansiert dat foar. VGN betellet de foarfinansierring fan 2017 ôf yn 25 jier werom (sûnder rinte!).
De FNP stipet dit útstel. De ôfwagingen dêrby binne:
Boppesteande punten ôfwaagjend like it ynstimmen mei de nije oerienkomst ús it bêste ta. Wol moat opmurken wurde it rinteleas wêzen fan de foarfinsiering wol sear docht. Wy hiene folle leaver sjoen dat der in oantal mominten ynboud wiene dêr't it net beteljen fan rinte op 'e nij besjoen wurde koe (ofhinklik fan de ûntjouwing fan de ekonomy, soe it wolris wêze kinne dat VGN der oer 10 of 15 jier wer folle better foarstiet). Mar it oanpassen fan de oerienkomst wie gjin opsje. Wy koene allinne mar foar of tsjin wêze.