Smellingerlân...

De kolleezjes fan de gemeenten Ljouwert, Súdwest Fryslân, Smellingerlân en it Hearrenfean hawwe yn de mande mei de provinsje in ferkenning dien nei gearkwurking op it mêd fan de ekonomy. Taalkundich in grouwelich stik. Fol mei oerstallige Ingelske wurden (faak in teken is fan in heech gehalte oan bakte lucht).
It kolleezje freget de ried om de ferkenning no fêst te stellen. Dêrby hat de wethâlder tasein dat yn mooglik takomstige dokuminten it taalgebrûk dúdliker wêze sil.
Ekonomyske gearwurking en ôfstimming tusken de fjouwer gemeenten kin goed wêze. Mar formulearjen fan in mienskiplike ekonomyske fyzje is eins krekt te gau; der wurdt ommers noch wurke in gemeentlike ekonomyske fyzje. Lykwols: je moatte kânsen ek net lizze litte as se foarby komme. En yn dat ramt moatte wy dizze ferkenning dan ek mar besjen.
Yn de ferkenning wurdt de omslach nei in kennisekonomy yn de fjouwer grutte gemeenten as útgongspunt delsetten. En dêr wurdt in strategy op útsetten mei as kearnpunten:
Fierder is it de bedoeling dat de gemeenten inoar stypje sille by harren ikoanprojekten. Foar ús gemeente is dat it ûntwikkeljen fan in gearwurking tusken technologyske ynnofaasjebedriuwen en de útbou dêrfan ta in hege-technology kampus.
Mar der wurdt ek ferwachte dat ús gemeente de ikoanprojekten fan oaren gemeenten stypje sil wêr't dat mooglik is. Dêrfan ferwachtsje wy dat it stypjen barre sil sa lang as dat bydraacht oan it winksbyld dat wy yn ús yntegrale takomstfyzje delsetten ha.
By de ferkenning wolle wy noch wol in pear krityske kantekens sette:
Alles oersjend tinke wy dat it ferstannich is dat de ried dizze ferkenning dochs fêststeld mei yn de achterholle dat de fierdere útwurking hieltiten hifke wurde moat oan wat wy yn ús yntegrale takomstfyzje fêstlein hawwe. En fanselssprekkend geane wy der dan fanút dat de ynhâld fan it begrip 'duurzaam' yn de ferkenning itselde as dat wy yn ús gemeentlike takomstfyzje stean hawwe.