Smellingerlân...

Op inisjatyf fan de Jeugdrie Smellingerlân, wie der op freedtejûn 19 maart in debatjûn organissearre oer alkohol en drugs. Lokaasje wie it nije jongereinsintrum Place 2 Be yn Drachten. Ùtnoege wie in grut tal jongeren, in previnsjemeiwurker fan de VNN (Ferslavingssoarch Noard-Nederlân) en de riedsleden.
Fansels brûke net alle jongeren alkohol en drugs. En in soad jongeren brûke ek allinne mar insidenteel. Yn it gesprek kaam nei foaren dat hja eksperimintearje út ynteresse en soms ek ûnder druk fan leeftydsgenoaten. By insidenteel gebrûk hoege de âlden harren dan ek gjin soarchen te meitsjen, al soe it wol goed wêze dat de âlden besykje te praten oer it drugsgebrûk. Dat bart noch net faak, sa die bliken. Hast eltse jongere komt wolris yn kontakt mei drugs en hja sille dan beslúte moatte wat te dwaan. In oantal jongeren, mar net allegearre, fûn dat problemen tefoaren komme wurde kinne troch ynformaasje. De VNN-meiwurker joech ek oan dat wannear’t it gesprek al oangien wurd foardat it jongerein yn ‘e kunde komt mei drugs, der mear romte ûntstiet foar in iepen gesprek.
Eltsenien fûn dat wannear it gebrûk regelmjittich plakfynt of de jongere begjint te eksperimintearjen mei harddrugs, de situaasje slimmer wurd. Yndruk is dat dizze soarte fan drugsgebrûk gearhinget mei in leech selsbyld of in flecht is foar problemen. Faak binne der by problematysk drugsgebrûk swierrichheden thús of op skoalle. Ynienen in feroaring fan it gedrach of oare freonen, ferjitlikens of lichaamlike klachten (benammen sliepproblemen en wurgens) binnen oanwizings foar ûnferantwurdlik drugsgebrûk. Dizze groep jongeren is net sa grut, mar soarget wol foar “wurk oan de winkel”. Yn it foarste plak leit hjirre in rol foar de âlden – dy’t dúdlike grinzen stelle moatte-, yn it twadde plak ek foar de skoallen en de professionele helpferliening fansels. Mar ek de pleatslike polityk moat hjirre wat betsjutte.
Neffens de FNP-Smellingerlân is it oerlêstferoarsaakjende drugsgebrûk yn Smellingerlân relatyf beheind en kin – mar dit jildt ek foar it “rekreatyve” drugsgebrûk - eins net ferhindere wurde. De oerheid moat dus altyd soargje foar in kombinaasje fan maatregels: as der it tinken is dat op ferskate plakken drugs problematysk brûkt wurde, dan kontrolearje en yn aksje komme. Mar ek regelmjittich kontakt hawwe mei it jongerein en har stipje by it útfieren fan de regels fan de gemeente. It jongerein sille sa ek de gemeente gauer yn ‘e mjitte komme.