Yn 2000 ha ik yn in kolumn yn it blêd Ekoland politisy fergelike mei flearmûzen. Flearmûzen sjogge neat, mar foarmje har wrâldbyld út de echo’s dy’t se weromkrije fan de lûden dy’t se sels meitsje. Politisy dogge dat ek, allinne meitsje se de lûden meastentiids net sels, mar geane se ôf op de lûden dy’t troch oaren makke wurde, bygelyks belangengroepen. Politisy ha boppedat faak ek noch in hiel selektyf filter: hja hearre allinne wat se hearre wolle; de moaie lûden dy’t harren wrâldbyld befestigje. As flearmûzen dat ek diene, dan wiene se grif al lang útstoarn.
Nim it Suderseespoar. Neffens in soad noardlike politisy is in spoarline fan Schiphol nei Grins needsaaklik foar de ekonomyske ûntjouwing en dermei de wurkgelegenheid yn it Noarden. En as je dat al hiel faak sein ha en it elkoar ek noch neisizze, dan leauwe je it op it lêst sels en tinke je dat it in wierheid is. Ut de Structuurvisie Zuiderzeelijn docht lykwols bliken dat it oanlizzen fan it spoar net bydraagt oan it oplossen fan de wurkgelegenheidsproblematyk fan it Noarden. “Net dwaan dus!”, soe de reaksje wêze moatte. Of presys oanjaan wêr’t de Structuurvisie de fout yn giet en wat dy fout betsjut foar de konklúzjes derfan. Mar neat fan dat alles: der wurdt in demonstraasje yn Den Haag organisearre!
Polityk giet oer it neistribjen fan idealen. Jammer dat dêrby somtiden in middel (it spoar) ta doel wurdt. As flearmûzen fleane, meitsje se gjin musyk……
Durk Oosterhof