Drachten is it grutste plak fan Nederlân dat net oan it spoor leit as ik foarstanners fan it Suderseespoar leauwe mei. Dat soe dan fuort ek in argumint wêze om Drachten oan it spoar te krijen. Mar wannear't Drachten oan it spoar leit, is der wer in oar grutste plak sûnder spoar. Wy einigje dan yn in wirwar fan spoaren.
Fan de wike wie de hearsitting fan oer de Suderseeline yn de Lawei. Om healweiachten sieten der noch mar in pear minsken yn de seal. Der waard in filmke draait dat sjen liet hoe oft de studzje nei de Nut en Noodzaak ta stân kaam wie. De konklúzje fan dat ûndersyk is dat der foar elke euro opbringsten, der 6 oant 9 euro oan útjûn wurde moat. En dan bart der wat frjemds: èn de Noardlike polityk èn de ûndernimmers en oare foarstanners leauwe ynienen net mear yn ûndersiken en begjinne oar fisy. Mar wiene it net dyselde politisy en oare foarstanners dy't net sa hiel lang lyn skermden mei in konsortium (lês belanghawwenden)-ûndersyk oer de mearwearde fan in magneetsweefbaan?
Ik leau dat ik it net mear snap. Binne der guon dy't it noch wol snappe? My tinkt dat der sjoen wurde moat hoe oft wy de twakommasafolle miljard yn de Noardlike ekonomy stekke kinne sadat der in duorsume wurkgelegenheid ûntstiet dy't net te koste giet fan it milieu. Lit dat de útdaging wêze dêr't wy mei ús allen de positive enerzjy yn stekke en litte wy ús tiid net ferdwaan oan it negative yn de kont hingje.
Durk Oosterhof