
Durk Oosterhof (1960)
Riedslid, Kommisjes RIM, AEFZ
Berne yn 1960 yn Drachten. Nei de middelbiere skoalle 10 jier yn Wageningen wenne dêr’t ik studearre ha oan de Lânbou Universiteit en dêrnei in pear jier wurke ha yn de medyske technology. Sûnt 1989 wer werom yn Drachten as biologysk boer.
Njonken it boerewurk aktyf yn meardere organisaasjes en fan 2001 ôf njonken it boer wêzen ek leraar oan it AOC, earst yn Drachten, dêrnei yn Ljouwert.
Fan 1995 ôf belutsen by de FNP. Earst yn it bestoer, dêrnei as ynfaller by de kommisje rûmte, ynfrastruktuer en miljeu (RIM) en sûnt 2006 as riedslid.
Ik fyn dat Smellingerlân in gemeente wurde moat dêr’t de ynwenners net mear prate oer ‘sy’ as it oer de gemeente giet, mar oer ‘wy’. Dêr is foar nedich dat de bestjoerders wat lytser begjinne te tinken. Gjin megeprojekten (spoar) en gjin gruttere gemeente (fúzje mei it Hearrenfean), mar ynfestearje ticht by de minsken. Dat jout wurk dat yn de mienskip ferankere sit en dat dêrmei minder kwetsber is by ekonomysk swier waar.