Yn Smellngerlân binne mooglikheden om de rekreaasje fierder út te bouwen. Der is wetter en der binne moaie lânskippen. De gemeente soe lytsskalige rekreaasje stimulearje moatte, mar der wol each foar hâlde dat it lânskip net ferrommelet.

Yn it 'ferkeapjen' fan ús gemeente as rekreaasjegemeente soe folle mear ynsetten wurde kinne op it twatalich wêzen. Bewust en grutsk twataligens útstrielje kin toerisme stimulearje.