Gemeentepolitisy binne keazen troch de ynwenners fan de gemeente. Dat soe betjutte moatte dat hja harren safolle as mooglik ynspanne moatte foar in better wolwêzen fan de ynwenners fan de gemeente. By wolwêzen kin oan in protte saken tocht wurde, ek oan wolfeart. Wolfeart giet net boppe wolwêzen, it kin der op syn heechst in ûnderdiel fan wêze. Ek sûnens makket ûnderdiel út fan wolwêzen.
De WMO kin in grutte rol spylje by it wolwêzen fan de mienskip. Oanbesteging fan saken yn it ramt fan de WMO meie net op koste gean fan de soarch en foar de doelgroep en de beleanning fan de wurknimmers. Fierdere ferantwurde ymplemintaasje fan de WMO is dan ek tige wichtich.
By it wolwêzen fan de mienskip spilet de jongerein in grutte rol. Dêr sil yn it belied dan ek spesifyk omtinken foar wêze moatte. Der sil ien yntegraal wolwêzensbelied neistribbe wurde moatte. Bygelyks: it kin neffens de FNP net sa wêze, dat der oan de iene kant ynsetten wurdt op 'in sûne skoalle', dêr't in protte omtinken is oer wat de bern ite en dogge, en oan de oare kant in grutte UMTS-mêst op sa'n skoalle setten wurdt.
Yntegraal belied op wolwêzen fan de mienskip hâldt ek yn dat der in aktyf belied is op skoaltsjeskûljen (=spijbelen). Wat no al bart, moat fierder útboud wurde.
Earmoede hat ynfloed op it wolwêzen. Dêrom rekket wolwêzensbelied ek oan it earmoedebelied. De FNP wol de minima oant 125 prosint fan it sosjale minimum stypje yn it dielnimmen oan sport, kultuer en digitale media.
Minsken dy't wolwêzenswurk dogge, moatte it Frysk op syn minst prate kinne.