Smellingerlân en yn it bysûnder Drachten hat wat skoallen oanbelanget in grutte regiofunksje. De gebouwen fan it fuortset ûnderwiis binne of komme meikoarten goed ynoarder. Foar it primêre ûnderwiis binne der noch wol in tal saken te winskjen. De húsfestingsproblematyk fan de skoallen yn de Swetten moat mei faasje oanpakt wurde.
De FNP hat wol grutte soargen oer it plak fan it Frysk yn it ûnderwiis. De gemeente soe de aktyf trijetalige skoallen (Frysk, Nederlânsk en Ingelsk) stimulearje moatte sawol yn it basisûnderwiis as yn it fuortset ûnderwiis en it middelbier beropsûnderwiis. Ek foar de boartersplakken lizze der mooglikheden.
Bern moatte sa ticht mooglik by hûs nei skoalle kinne. Foar de doarpen betsjut dit, dat in basisskoalle yn it doarp in basisbetingst yn it gemeentlik belied wêze moat.