Us gemeente bestiet út in grutte kearn mei in tal doarpen der omhinne. Dy grutte kearn (Drachten) is in grut doarp mei stedske allueres. De FNP sjocht Drachten as in grut plak sa as der folle mear binne. De ambysjes fan de gemeente moatte dêrmei yn oerienstimming brocht wurde. Gjin megalomane plannenmakkerij, mar plannen dy't realistysk binne, bydrage oan duorsumens en passe by de skaal fan Drachten. Troch de aktuele ekonomyske omstannichheden sille in tal plannen op 'e nij tsjin it ljocht hâlden wurde moatte en dêr't dat mooglik is, faaks fersobere wurde moatte of miskien wol op de langebaan skood:

  • Kultuerklustering: De plannen foar de kultuerklustering moatte op 'en nij bestjoen wurde en yntegraal ôfwoegen wurde. Kultuer is tige wichtich, mar der binne folle mear wichtige saken en de pôt mei jild is beheind. It jild moat dêr ynsetten wurde dêr't it sosjaal maatskiplik rendemint it heechste is;
  • De feart: it Mûnein leit der no al hast twa jier blau by en it liket der noch net op dat der fuort groeven wurde sil. De gemeente moat de foarstap nimme en der foar soargje, dat der sa gau mooglik mei de de fierdere ûntjouwing fan de plannen begûn wurdt. Ofspraak is ôfspraak en dy moat dus neikommen wurde.
  • Sintrumplannen: De gemeente sil de finger oan 'e pols hâlde moatte om de plannen ta in goed ein bringe te litten. Dêr't mei wurk út ein setten wurdt, moat goed nei de omjouwing ta kommunisearre wurde wat der bart, hoe lang oft it duorret en wat it resultaat wêze sil. Dat kin dien wurde mei fleurige grutte buorden.

It is wichtich dat de wykrieden geregeld de gelegenheid krije om mei it gemeentebestjoer oer te lizzen oer saken dy't de leefberens fan de wiken oanbelanget.