Yn de gearkomste fan de kommisje SAZO (samenleving en zorg) fan 10 july 2006 hat de FNP in oantal fragen stelt oan de wethâlder. Op de measte fragen koe de wethâlder noch gjin antwurd jaan en komme de antwurden skriftlik foar de folgjende gearkomste fan SAZO in septimber.
Hjirûnder de fragen:
Fragen stelt
troch de FNP yn de gearkomste fan 10 july 2006 oer de WMO.
- Wol
de wethâlder tasizze dat der yn 2007 gjin minsken wêze sille dy't as gefolch
fan de ynfiering fan de WMO der op efterútgean (sawol materieel as
ymmaterieel)?
Yn de gearkomste hat de wethâlder sein
dat der gjin minsken op efterút gean sille troch de ynfiering fan de WMO.
- Is de
wethâlder ree om gjin eigen bydragen yn te fieren salang der noch gjin regels
opsteld binne ditoangeande troch de lanlike oerheid? As er dy tasizzing net dwaan
wol om dan yn alle gefallen allinne eigen bydragen te freegjen foar saken dêr't
no ek al in eigen bydrage foar frege wurdt?
- Is de
wethâlder it mei de FNP iens dat nuodlik wêze kin wannear't WWB-ers ferplicht
ynsetten wurde binnen de WMO foar ienfâldige húshâldlike taken (ien op ien
relaasje wêrby't it wichtich is dat de WWB-er kwalifisearre en motivearre is
foar it wurk dat er dwaan moat)? As de wethâlder dat mei ús iens is, hoe wurdt
der dan foar soarge dat boppeneamde (net kwalifisearre en motivearre) dan
útsluten?
- Wy
sjogge yn de WMO de mooglikheid om de helpfreger op in mear yndividuele manier
yn de mjitte te kommen (maatwurk). Yn de feroardering dy't op 10 july yn de
gearkomste behannele wurden is wurdt mear nei in kollektive kant foar wat de
foarsjenningen oanbelanget oerhinge. Is de wethâlder ree om ta te sizzen dat
wannear dit oangeande it kollektive botst mei it yndividuele, dat dan de
yndividuele benadering fan de helpfraach de trochslach jaan sil?
- Is de
wethâlder ree nochris goed te sjen nei de ferskillen dy't der neffens de
CG-raad, FvO, CSOM en it platfoarm GGZ (ûnder oaren ferwurde yn it brief fan 10
july fan de Cliëntenraad Smallingerland) tusken de wet en feroardering sitte.
En mochten de ferskillen der yndied wêze, dan de feroardering yn oerienstimming
te bringen mei de wet?
- Wol
de wethâlder by de stikken fan de septimber gearkomste fan de kommisje in
oersicht dwaan mei alle foar en neidielen fan it net per 1 jannewaris 2007
yngean litten fan de WMO-feroardering (foar- en neidielen foar sawol de
gemeentlike organisaasje as foar de minsken dy't ûnder de WMO feroardering
falle soene? Dit is neffens my yn de
gearkomste tasein wurden
- Kloppet
de konstatearring dat de feroardering sa as dy no foarlei yn feite in soarte
fan needferoardering is dy't benammen bedoeld om per 1 jannewaris de WMO
ynfiere te kinnen en dy't ynhâldlik noch útwurke wurde moat mei alle
partisipanten?
- Wol
de wethâlder derfoar soargje dat der by de septimberstikken in stappenplan of
planning sit hoe oft de WMO ymplementearre wurdt (fan fysjefoarming oant de feroardering
mei alle stappen dêrtuskenyn). Dit hat de wethâlder yn de gearkomste
tasein.