De FNP makket him
soargen oer de ynfiering fan de WMO yn Smellingerlân. Yn de gearkomste fan de
kommisje SAZO oer de WMO feroardering die it bliken dat der noch in soad fragen
wiene en dat de wethâlder by de measte fragen net ta in antwurd kaam. Dêrtroch
binne de soarchpunten fan de FNP noch net weinommen.
De FNP fynt dat
der gjin minsken op efterút gean meie as gefolch fan de ynfiering fan de WMO.
En mocht bliken dwaan yn 2007 dat der wol minsken binne dy’t negative gefolgen
fan de ynfiering fan de WMO fernimme, dan wol de FNP dat dy negative effekten
binnen in moanne ûngedien makke wurde. De wethâlder hat hjir oer sein dat der gjin minsken op achterút gean sille.
Wat ek tige
wichtich is neffens de FNP is dat de yndividuele foarsjennings net yn de knipe
komme. Yn de foarleine feroardering wurdt neffens ús tefolle oerhinge nei kollektive
foarsjennings.
Yn de gearkomste
waard dúdlik dat it net perfoarst needsaaklik is om de WMO-feroardering al per
1 jannewaris 2007 yngean te litten. Takom jier mei ek brûkt wurde as in oergongsjier.
Yn dat jier bliuwe dan de oare regelingen fan krêft (ûnder oaren de WVG). Omdat
boppedat de wethâlder oanjoech dat it kolleezje as útgongspunt hat dat de
ynfiering fan de WMO yn goed oerlis mei alle partisipanten barre moat, soe
dêrmei de feroardering net mear wurde dan in need-feroardering.
Yn dat gefal tinkt
de FNP dat it better wêze soe om no noch gjin feroardering fêst te stellen. Dêrmei
wurdt ûnrêst foar kaam en ûntstiet de tiid om yn oerlis mei alle partisipanten
te kommen ta in sa breed mooglik droegen feroardering. De FNP hat der dan ek op
oankrongen dat der yn septimber in stappenplan leit wêryn’t presys oanjûn wurdt
hoe oft de wethâlder de WMO ynfiere wolle soe, fan fysjefoarming oant
ymplemintaasje. Boppedat wol de FNP graach in oersicht ha fan alle foars en
tsjins fan it net yngean litten fan in WMO feroardering op 1 jannewaris
oansteande.
Klik hjirre foar de fragen dy't de FNP stelt hat.