Op dit stuit is der in diskusje geande oer de komst fan in biomassasintrale nei Drachten. Op it yndustryterrein de Haven, ticht oan it wetter soe er komme moatte. Hoewol’t de eventuele komst fan de sintrale foaral it foech is fan de provinsje, binne wy wol fan betinken dat de gemeenteried him hjir wol oer útsprekke moatte kin, seker ek rjochting provinsje.
Yn dizze tiid fan de opwaarmjen fan de ierde, Kyoto en klimaatferdragen binne alternativen foar it ferstoken fan fossile brânstoffen mear dan wolkom. Yn dat ljocht moatte ek de biomassasintrales sjoen wurde. Lytsskalich by boeren dy’t stront, eventueel oanfolle mei maïs of oare organyskestofboarnen, fergiste en grutskalich lykas foarnommen yn Drachten. It ferbânen fan organysk materiaal sil in bydrage leverje oan it lytser meitsjen fan ekstra CO2-emisje, dat is wier. Mar der is ek in oare kant oan it ferhaal.

Yn in biomassasintrale wurdt metaan foarme út organyske stof. By boeren dy’t stront oanfolle mei mais of oare gewaaksen fergiste, betsjut dat, dat hja in part fan harren organyske stof opstoke; ommers de koalstof út de organyske stof wurdt komt yn de metaan (CH
4) telâne. Wat oerbliuwt fan de stront en organyske stof is it digistaat, kwa gearstalling in keunstdongeftich produkt. Wannear’t dat wer op it lân komt, sil it om goed opnommen wurde te kinnen in part fan de humus yn de boaiem ferbrûke en dêrmei it humusgehalte fan de boaiem op langere termyn ferleegje. Je moatte je ôffreegje of dat wol wenstich is. Minsken en bisten ite by de graasje fan de boppeste meter grûn oan de bûtekant fan ús ierde. Hoe mear oft wy dêr fan opbrûke (de humus), hoe minder de boaiem funksjonearje sil.
By grutskalige fergisting is it proses net oars fansels. Ek dan wurdt organysk materiaal oanfiert om te fergisten. En ek dan komt it organyske materiaal earne út de boaiem. Mar ek no wurdt der in hiel soad organysk materiaal ‘wei’ yn de sin dat der neat mei dien wurdt, alteast it net werom brocht wurdt yn de sirkelgong fan boaiem – plant – bist (of minske) – boaiem. It is no fansels ek al sa dat de sirkelgong fan organyske stof net sluten is. Benammen it organysk ôffal út de mienskip wurdt net altiten like effisjint wer nei de boaiem werombrocht en as dat wol bart, dan komt it faak op de ferkearde plakken telâne. Yn parten fan de tredde wrâld wurdt de boaiem útmergele (mineralmining), wylst wy yn ús lân fan gekkichheid net witte hoe oft wy op in goede manier de mineralenoerskotten de baas wurde moatte. No is my op dit stuit net bekend wêr’t de sintrale yn Drachten syn organysk materiaal weihellet, mar as dat fan bûten Nederlân is, dan is dat net wenstich. Dat fersterket de útputting fan de boaiem yn oare parten fan de wrâld. Parten fan de wrâld dêr’t de ynstânhâlding fan de boaiemfruchtberens faak fan libbensbelang is en plakken fan de wrâld dêr’t de eroazje fan de boaiem ien fan de grutste langetermyn problemen is.
Ut boppesteande mei bliken dwaan dat de FNP der noch net oan ta is om achter it idee fan de grut- of lytsskalige fergisting stean te gean. De FNP is har der lykwols wol fan bewust dat ek it brûken fan fossile brânstoffen in probleem is. Foar de koarte termyn soe fergisting wat lucht jaan kinne, mits it te fergisten materiaal ek no fergriemd wurde soe en net, lykas yn by boerefergisting, der gewaaksen spesjaal foar ferboud wurde. Foar de langere termyn sil der ynsetten wurde moatte op skjinne foarmen fan enerzjy lykas sinne-, wetter en/of wynenerzjy en op enerzjy út wetterstof. By alle foarmen fan alternative enerzjy moat jilde dat it mondiaal bydraacht oan duorsumens en dat der net allinne regionaal sjoen wurdt.