Fan begjin dit jier ôf wurket ús gemeente net mear mei oan it pleatsen
fan UMTS-mesten foar safier dy't fergunningsplechtich binne. Dit yn
ôfwachting fan de resultaten fan Switsersk ûndersyk
. No't dy resultaten der binne (begjin juny) wol de FNP graach fan it
kolleezje witte hoe oft der no omgongen wurde sil mei
fergunningsoanfragen foar UMTS-mesten. De wethâlder joech oan dat it kolleezje hjir meikoarten wer oer prate
sil. Dat wie foar de FNP oanlieding om fierdere fragen foarearst yn te lûken en it kolleezjestânpunt ôf te wachtsjen.
Sjoch ek nei in earder artikel oer UMTS