Fan begjin dit jier ôf wurket ús gemeente net mear mei oan it pleatsen fan UMTS-mesten foar safier dy't fergunningsplechtich binne. Dit yn ôfwachting fan de resultaten fan Switsersk ûndersyk . No't dy resultaten der binne (begjin juny) wol de FNP graach fan it kolleezje witte hoe oft der no omgongen wurde sil mei fergunningsoanfragen foar UMTS-mesten.

Sjoch ek nei in earder artikel oer UMTS

umts2Belanget: fragen oer UMTS-belied gemeente

Acht kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders,

Fan begjin dit jier ôf wurket ús gemeente net mear mei oan it pleatsen fan nije fergunningsplichtige UMTS-mêsten yn ús gemeente. De motivaasje wie dat der by in soad minsken ûngerêstheid is oer effekten fan de UMTS-strieling op de folkssûnens. It net meiwurkjen oan soe yn alle gefallen duorje oant de útkomsten fan in Switsersk ûndersyk bekend wêze soene. De FNP hat de folgjende fragen:

  1. Is it kolleezje mei de FNP fan betinken dat it gemeentebestjoer in belangrike ferantwurdlikheid hat foar wat in sûne libbensomjouwing fan har ynwenners oanbelanget?
  2. Is it kolleezje mei de FNP fan betinken dat ek elektromagnetyske strieling ynfloed ha kin op de sûnens en op it wolwêzen fan minsken?
  3. Is it kolleezje bekend mei de útkomsten fan it Switserske ûndersyk oangeande de effekten fan UMTS-strieling op minsken?
  4. Is it kolleezje bekend mei de folchjende (oersette) passage út it ûndersyksrapport(1): “De hier voorliggende resultaten laten echter alleen uitspraken toe over de samenhang tussen kortstondige blootstelling aan een UMTS-basisstationsignaal en een directe vermindering van het welbevinden of de cognitieve vermogens. Er kunnen geen conclusies worden getrokken over gezondheidsrisico’s als gevolg van het gebruik van UMTS-mobieltjes of als gevolg van langdurige, chronische blootstelling door UMTS-basisstations”.
  5. Is it kolleezje dan ek mei de FNP fan betinken dat it ûndersyk allinne in útspraak docht oer de gefolgen fan in koartduorjende (45 minuten) bleatstelling oan UMTS-eftige strieling?
  6. Is it kolleezje mei de FNP fan betinken dat de kop fan it parseberjocht(2) fan it ministearje net dutsen wurdt troch de útkomsten fan it Switserske ûndersyk?
  7. Is it kolleezje mei de FNP fan betinken dat de útkomsten fan it ûndersyk dêrom gjin oanlieding jouwe om it begjin dit jier ynsetten belied (net meiwurkjen oan it pleatsen fan fergunningsplechtige UMTS-ynstallaasjes) te feroarjen?
  8. Is it by it kolleezje bekend hoefolle UMTS-basisstasjons der al yn ús gemeente binne?
    • Sa ja: hoefolle binne it en wêr steane se?
    • Sa nee: wol it kolleezje útsykje hoefolle it binne en wêr’t se steane en dat oan de gemeenteried kenber meitsje?

Mei freonlike groetnis,

Durk Oosterhof

FNP-Smellingerlân

(1) De Webside ministearje fan VROM (oersette gearfetting rapport)

(2) De kop boppe it parseberjocht wie: “Geen enkel effect UMTS-straling op gezondheid”)