Ynbring FNP op haadlinen
De
finansjele rûmte yn de perspektyfnota is beheind. Dochs wurdt der rûmte fûn
foar in stikje nij belied. Ekstra jild foar ûnderwiishúsfesting, ûnderwiisefterstannenbelied
en it earmoedebelied en ienmalig jild foar diken, parken en lytse rekreaasje.
Mar der bliuwe noch in soad ambysjes oer.
Wy wurde
útdage troch it kolleezje om rûmte te sykjen yn de begrutting foar dy ambysjes.
Nij foar âld. Dat jout faaks al oan dat it net maklik is om op dizze begrutting
noch rûmte te finen.
Der is
struktureel 1,24 miljoen ekstra jild fûn foar ûnderwiishúsfesting,
ûnderwiisefterstânbelied en earmoedebelied. Mar is it wol genôch? (ik kom dêr
noch op werom). Mocht dat net sa wêze, dan leit dêr wat de FNP oanbelanget in
fraach mei hege prioriteit. Wannear't der jild op de begrutting fûn wurdt, c.q.
jild fan grutte projekten oerbliuwt, dan is dêr wat de FNP oanbelanget in besteging
foar.
De
ambysjes binne heech kinne wy lêze. Mar binne se ek tè heech? Yn de
perspektyfnota wurde de folgjende ambysjes yn PM-posten opnommen:
-
Berenat: it oanlizzen dêrfan sil jild kostje mei wy fan
út gean. De ekonomyske mearwearde foar de gemeente moat fûn wurde út in stikje
ekstra wurkgelegenheid en ynkomsten út it toerisme ôfsetten tsjin de de
ekonomyske wearde fan it hjoeddeiske gebrûk. As dat dúdlik posityf útfalt èn
der draachflak is by de ynwenners fan Aldegea en omkriten, dan sil der serieus
jild socht wurde moatte foar dit projekt. As de ekonomyske ympuls net oannimlik
is of der is gjin draachflak, dan kin it Berenat foar wat de FNP oanbelanget
fan de ambysjelist ôf.
- Opfangfoarsjenning dak- en thúsleazen: tige wichtich
punt, goede ambysje, besykje te realisearjen.
- Utwreiding/ferbettering wyksintra en doarpshûzen: tige
wichtig punt. Besykje te realisearjen.
- Sportbedriuw: wy binne hiel benijd wat der krekt út de
evaluaasje komme sil. De FNP fynt it wichtich dat de mooglikheden ta it
betelber yn ferieningsferbân sporte te kinnen safolle mooglik bestean bliuwe
moatte. Dat sil wat de FNP oanbelanget de reade tried wêze moatte by de
beoardieling fan de evaluaasje.
- Realisaasje en of ferbettering fan de kultuerakkommodaasjes:
is ek in wichtich punt, en komt wat de FNP oanbelanget foar it Berenat en
lykweardich oan it opknappen fan doarps- en wyksintra.
As der
yn de ambysjes fan de kolleezjepartijen op in rychje setten wurde moat, dan
tinke wy oan de folgjende folchoarder:
- Opfang foarsjenning dak- en thúsleazen;
- Utwreiding doarpshuzen en wyksintra;
- Kultuerakkommodaasjes;
- Sportbedriuw;
- Berenat.
Efterlizzende
gedachte hjirby is dat earst de mear primêre libbensbehoeften dutsen wêze
moatte foardat je oan de sekondeare behoeften jild spandearje moatte.
Mar dan
binne der ek noch stedsfernijing, Fenner Dunlop, De Welle en ynterne behearsorganisatie
en net te ferjitten it Suderseespoor.
Mar de
grutste ambysje is eins wol it werombringen fan de wurkleasheid. Grif rint dat
as reade tried troch it wurk fan it kolleezje. Der wurdt yn ús gemeente ynsetten
op it oanlûken fan heechweardige wurkgelegenheid. It grutste part fan dy
wurkgelegenheid wurdt ynfolle fan minsken dy't net by ús gemeente yn de kaartebakken sitte.
De FNP
soe wolle dat der ûndersocht wurdt hoe oft wy der foar soargje kinne as gemeente
dat it oanlûken fan wurkgelegenheid ek substansjeel bydraacht oan it ferleegjen
fan it tal wurkleazen yn de gemeente. De boargemaster hat dit fraach- en
oanbodprobleem al faker neamt. Faaks moat der noch mear enerzjy stutsen wurde
yn om- en byskoalling fan wurkeleazen. En
dan is 0,1 miljoen ekstra foar it ûnderwiisefterstannenbelied faaks wol wat te
behindich.
Der
wurdt oan de ried frege om oan te jaan wêr't it jild foar de ambysjes weikomme
moatte soe. Dat is in lestige fraach. Sjoch ris nei fersobering fan de
Drachtster Feart en fan de sintrumplannen.
It is
wichtich dat de ried prioriteiten oan de ambysjes jout. Yn myn bydrage ha ik
dat al dien. It jild om de ferskate ambysjes út te fieren moat neffens de FNP foaral
socht wurde yn de ‘grutte projekten'. Slagget it net om rûmte te finen, dan
sille de ambysjes/PM posten op in seft sin setten wurde moatte.