
Yn de kommisjegearkomste fan de kommisje Rûmte, Ynfrastruktruur en Milieu stie de evaluaasje fan it Laweiplein op de wurklist. Ut it evaluaasjerapport die bliken dat it plein ferkearstechnysk in sukses is. Hege trochstream, koarte wachttiden en minder swiere ûngemakken dan foarhinne. Minpuntsje wie dat de minsken (benammen fytsers en fuortgongers) harren minder feilich fiele op it plein, mar dat is ynherint oan de ferkearsbenadering sa as dy by de oanlis fan dit plein keazen is. Trochdat men him minder wis fielt sjocht men better út. Dochs binne der noch wol in pear ferbetterpunten:
- De fonteinen wurkje noch net goed;
- Der sit te min kleur yn it plein;
- De stoeprânen om it plein hinne binne te heech en min te sjen.
Alle trije punten sil wat oan dien wurde. It útstel fan de wethâlder om it plein mei it oanplanstjen fan kleurige planten in fleuriger oansjen te jaan. En de stoeprânen wurde better sichtber makke troch it pleatsen fan LED-ferljochting op de râne. De pompen fan de fonteinen wurde ferbettere fan it besteande ûnderhâldsbudget út. En dat bestjut dat allinne de ferljochting fan de stoeprânen en de beplanting meiinoar 33.000 euro kostet. Dat fynt de FNP tefolle.
In alternatyf foar de ferljochte râne is om de râne yn twa of trije stapkes te meitsjen (in soarte fan trepke, mar wol ien mei brede trimen). Dan sille de gefolgen folle minder 'skokkend' wêze as je der ris in kear per ûngelok by del fytse. De wethâlder hat tasein dat se op plakken sjen wol oft it hichtferskil ek weinommen wurde kin yn pleats fan lampkes op de de râne. Trijetritichtûzen euro is wol in hiele protte jild foar it sichtber meitsje fan in hichtferskil en it plantsjen fan kleurige planten.
Prate wy yn de ried dochs noch oer tegels......